
De kommende moannen sil bliken dwaan oft it betrouwen yn lokale politisy grutter is. Mids maart binne der riedsferkiezingen. De lokale politisy dogge o sa harren bêst om it gat tusken polityk en boarger te tichtsjen. Om de sa faak beneamde krêft fan de mienskip te brûken, binne de lêste jierren hiel wat projekten opset dêr’t boargers de karre lûke meie.
Sa as op De Gordyk, wêr’t de mienskip al in pear jier dwaande is mei de takomst fan De Skâns en Sportsintrum Koartsweagen. It hâldt de minsken bot dwaande. Datselde jildt foar it ferkear yn de Haadstrjitte op De Gordyk. Nei in proef fan krapoan in jier, wol it kolleezje fan B en W definityf ta nei twa- rjochtingsferkear. Ek al sizze se derby dat krekt mear as de helte fan de minsken dy’t frege binne, eins graach werom wol nei ienrjochtingsferkear.
Oan de gemeenteried de kommende wiken de kar hokker kant it op moat. De ynhâld fan de diskusje en de besluten dy’t úteinlik naam wurde, sille wat dwaan mei it betrouwen fan de boarger yn de lokale polityk en de reewilligens om nei de stimbus ta te gean. Wurdt der lústere? Wurdt it krewearjen fan de mienskip wurdearre? Want wolle je de krêft fan de mienskip goed brûke, dan is it saak der ek goed mei om te gean. Mei foarôf dúdlike, ôfsprutsen spulregels. Dan kinne boargers dêr yn harren ferwachtingen rekken mei hâlde en bin je in diel fan de teloarstellingen nei de tiid foar.
Boargers ynskeakelje by belied moat altyd wêze. Mar at de gemeenteried net oppast komt it as in boemerang werom. En dan wurdt it gat tusken boarger en polityk net lytser, mar just grutter.
Arend Waninge






