
Yn de earste ôflevering is Jan Dirk van der Zee, direkteur amateurfuotbal by de KNVB, werom yn Koartsweagen. Hy giet yn petear mei Arend Waninge, haadredakteur fan Sa! en sidekick Gouke de Vries, foarsitter fan kuorfbalclub LDODK.
De mannen prate oer fuotbal en oer de gefolgen fan de coronakrisis op de sport. Mar it giet ek oer it belang dat sport ynnimt yn de maatskippy en oer hoe’t dat feroarje moat. Jan Dirk van der Zee hat dêr in dúdlik ferhaal oer.







