Column

Oare wrâld

Door: Redactie

Blinder, hie ik ferline wike samar in pittich grypke te pakken. In pear dagen neat te folle by te setten. Twongen rêst. Ik ha wolris muoite my dêrby del te lizzen, mar dizze kear gie it bêst. 

Afbeelding

Mar wat moatte je dan dwaan om de tiid troch te kommen? Fansels wat foar de telefyzje omhingje.

Sa bedarre ik yn de koarte searje Stonehouse. In prachtich ferhaal oer in Ingelske politikus dy’t it paad hielendal kwytrekket. De man hat in suksesfolle karriêre dy’t him yn in koart skoftke tiid fan parlemintslid ta steatssekretaris en minister bringt. It stiicht de man allegearre wat nei de holle. 

Hy lit him ferliede troch in Tsjechyske tolk; it spultsje wat dêrnei folget is troch de geheime tsjinst fansels op byld fêstlein. Sa wurdt hy twong spion te wurden. Mar dat wurdt gjin sukses. 

Hy rekket yn finansjele problemen, slacht ek noch mei syn sekretaresse om en wurdt troch de partij net wer yn in nij kabinet beneamd. Mei oare wurden: de man komt klem te sitten. En dan betinkt hy dé oplossing: hy set syn eigen ferdwining yn sêne. 

Op it strân yn Amearika swimt hy syn frijheid temjitte en lit op it strân syn kreas optearde klean mei paspoart achter. Hy fleant op falske namme nei Austraalje en wol dêr in nij libben opbouwe. Eins mei syn sekretaresse. Mar ek dat slagget net, hy rint al rillegau tsjin de lampe.

Moai betocht? Nee, it is noch wier bard ek.

Ik kin it my wol foarstelle. Dat je efkes alles wat je oan de kop ha ferjitte wolle. Hielendal op nul begjinne om net wer deselde fouten te meitsje. In ûntsnapping oan de wrâld fan no. Wylst ik dit tikje, riedt Mark Rutte him ta op it grutte debat oer de útslach fan de lêste ferkiezingen. Der sil wol hiel wat op him ôfkomme. Dêr hat Rutte mei syn ploech ek bot oan meiwurke. Se rikke de munysje mei in strik derom oan. Soe hy de searje ek sjoen ha? 

Arend Waninge