Wy meie dizze wike wer stimme, al miene guon protestearders dat wy yn in diktatuer libje. Sy soene ris mei flechtelingen út Syrië of Irak prate moatte. Dy kinne grif út de doeken dwaan hoe’t it yn in diktatuer echt wurket.
At se der al stimme kinne, dan wis net op 37 partijen, sa as by ús. Ik bin in polityk-junky, bin sljocht op debatten en folgje alles graach op de foet. Mar sa njonkenlytsen bin ik it paad bjuster. Ik sweef noch hieltyd. It wie my de ôfrûne wiken wier tefolle. Oeral dyselde koppen fan listlûkers.
Ik wit al aardich hoe’t elk de kofje drinkt, hoe’t it earder by harren thús wie en hoe bliid se (de measten dan) mei frou en bern binne. Mar echt ynhâldlike diskusjes oer de takomst binne der fierstente min. Of se binne te koart en wakker lyk.
Rekkenskip oer de ôfrûne jierren wurdt amper jûn. Hoe faak is it noch oer de taslachaffêre gien? Fierder as ‘sa hie it net moatten’ komme se net. It giet oer hoe’t in oerheid mei de minsken omgiet, folle fûneminteler wurdt it net. Se ha fêst allegearre it bêste mei ús foar, mar wat in miste kâns dat al dy partijen der net yn slagje om mei-elkoar fûsten te meitsjen.
Minder partijen, mear gearwurking, mear resultaat. Sa as yn Amearika mei twa partijen is wat te koart troch de bocht, mar wy sitte daalk mei omtrint 15 partijen yn de Keamer. En der sil ek noch wolris in partij yn twaen falle. At sy yn alle debatten allegearre it wurd fiere wolle, dan wurdt it noch wat.
Earme foarsitter, earme ministers, earme politike folgers. Guon fine safolle partijen rykdom, mar foar in goed bestjoer is it earder earmoed.