Ledefergadering
It moat fan de statuten, de jierlikse ledefergadering. Ek al ha de leden der meastentiids net bot ferlet fan. It kin ek oars.

Ik sit by in praatklupke wêr’t wy ien kear yn de moanne de wrâld wat oereidzje. It seizoen begûn ferline wike mei in ledefergadering; de lêste wie alwer sa’n fiif jier lyn, sa stie yn de útnoeging. Der wie net ien dy’t it mist hie. De notulen fan de foarige fergadering wiene der net, dy koenen wy oerslaan.
It ferslach fan de sikretaris, dêr moasten wy ús ek net te folle fan foarstelle. Hy warskôge ús al yn it foar mei de opmerking: ‘voor zover er actieve herinneringen zijn’. Hy hie de lêste jierren net folle op- skreaun en koe dan ek koart om de bocht.
De ponghâlder hie ek net folle wurden nedich. Hy hie de sifers maild, mar de kâns is grut dat net ien se sjoen hat. Ferlet fan in kaskommisje wie der ek net. De ponghâlder hie in map meinaam, elk koe deryn sjen. En at der fragen wienen, dan hearde hy it wol. Ik ha net ien sjoen dy’t de map oanrekke hat. It agendapunt ‘decharge bestuur’ waard omdoopt ta ‘hulde aan het bestuur’. It gie as it slytjage.
It bestjoer woe it ek noch wol ha oer in wiziging fan de statuten. At der ferlet fan wie. Der waard wat praat oer drompels foar nije leden dy’t wol fuort koenen. Ek it fraachstik fan âldere leden dy’t eins ôfskied nimme moatte, wie gau beslikke. Wat de statuten sizze, dêr moatte wy mar net te folle nei sjen. It is oan harren sels. Sa lang se net ferfelend wurde, meie se komme. Gjin gedoch. De notaris siet yn de seal, dy die ek net muoilik.
En doe wie it al oan it omfreegjen ta. De kok fan tsjinst hy lykwols it iten al klear. Dat doe’t de earste sei dat hy eins gjin fragen mear doarde te stellen, wienen oaren it der gau mei iens. Want sa’t ien sei: ‘Ik ha gjin ferlet fan tagelyk searne en bakte earpels.’ De foarsitter wist genôch. We ha noch oeren noflik sitten.
Sa kinne wy wolris wer in ledenfergadering ha... oer in jier as wat.
Arend Waninge












