Column

Geduld

Door: Redactie

Wy sieten snein te iten, bûtendoar fansels. En doe foel myn each der samar ynienen op. Myn earste iisblomke bloeide. Ferduld noch oan ta, wie it dan dochs slagge. Ik wie oan it begjin fan de maaitiid úteinset mei hiel wat pûdsjes sied. Ik fyn it aardich wurk om wat fan dy kweekbakjes oan te lizzen. Om dan te sjen wat it wurdt.

Arend Waninge
Arend Waninge

Net alles kaam op en it measte nimt aardich mear tiid as ik geduld ha. Seker omdat it ek salang kâld bleau. Yn ien fan de bakjes gie it wol hurd. In soad sied kaam op, al bleaunen de plantsjes wol ticht by de grûn. Ik hie al ris op de pûdsjes sjoen. Die bliken dat it om iisblomkes gie. Dy blomkes dy’t oerdei sa moai iepen geane om jûns de eagen wer te sluten. Fan dy blomkes dy’t je yn maaie yn bakken fol foar in pear euro keapje kinne en dy’t dan de hiele simmer bloeie. 

Wat in gegriem hie ik my op de hals helle. Ferpotsje, fertinje, alle dagen wetter jaan. Mar al dat omtinken, al dy soarch, hat fertuten dien. It earste iisblomke sil de kommende dagen grif folge wurde troch tal fan oaren. En dy moaie wite blomkes mei blauwe streekjes komme ynienen ek ta in eksploasje fan bloei. Dat pûdsje sied hiene wy ferline simmer op fakânsje yn ien fan dy moaie Ingelske tunen kocht. Ik wie earst wat teloarsteld. It wiene allegeare griene bledsjes, mar knopkes ho mar. En saterdei wienen der samar allegear blommen.

Fan dyselde fakânsje ha wy ek sied fan reade sinneblommen. Hiel oars as wat wy wend binne. Dat moat dizze simmer ús pronkje wurde. Stadichoan ha ek dizze blommen de guit te pakken. Itselde jildt foar de sierkalebassen dy’t ynienen in groeisprintsje lûke.

Komt it allegearre dochs noch goed. Is dat deistich wetter jaan dochs ergens goed foar. Túnkje, wat is it ek in moaie oefening yn geduld. Foar elk goed, seker foar my.

Arend Waninge