Trûbadoer Jaap Louwes yn Witte Kerk Hemrik
HEMRIK - Trûbadoer Jaap Louwes, ek bekend fan Bricquebec en de fjouwer Fryske Trûbadoers, sil snein 28 septimber optrede yn de Witte Kerk Hemrik. It konsert duorret fan 15.00 oant 17.00 oere.

Neist de bekindere ferskes lykas ‘Famke’ en ‘Ik doch’t moarn wol’, lit hy ek graach nije nûmers hearre. Omdat mei dit optreden it nije seizoen iepene wurdt, wurdt jo in hapke en drankje oanbean. Entree € 14,-. Reservearje fia www.wittekerkhemrik.nl. Binnenwei 22, 8409 JH Hemrik. Parkearmooglikheid by MFC De Bining.








