
Lida fynt it inisjatyf fan de wurkgroep geweldich. “Gjin skoalle wurdt sa oerslein, se krije allegear in kolleksje moaie Fryske berneboeken en in soad ideeën hoe’t jo dêr mei wurkje kinne, oanrikt. Ik hoopje eins dat mear gemeenten yn Fryslân dit foarbyld folgje sille.”
Kultuercoach fan de gemeente Theo Schlepers sit yn de wurkgroep en is ien fan de oanjeiers. “Sinds 2003 is de werkgroep begonnen met creatieve initiatieven om de leesbeleving in groep 5/6 te stimuleren. Lida komt op het juiste moment, na corona, als ambassadeur het onderwijs verrassen met een Friese impuls tijdens een uitgebreide kinderboekenperiode.”
Yn har skoalbesiten wurket Lida mei de boeken út de Lêskoffer, mar se si lek oandacht jaan oan it tema fan de Berneboekewike fan dit jier. Yn de Lêskoffer sitte tsien Fryske boeken dy’t de Berneboeke-ambassadeur spesjaal selektearre hat. By alle boeken binne lesbrieven skreaun mei ferwurkingsopdrachten, dy’t de skoallen fergees brûke kinne.






