Cultuur en uitgaan

Gekkehûs yn it Sikehûs

Afbeelding
Toanielferiening Ienfâld en Freonskip spilet op 28 febrewaris (20.00 oere) yn De Skâns de klucht ‘In Gekkehûs yn it Sikehûs’.

It is foar de spilers in boppeslach, omdat sy healwei it seizoen it repetearjen fan in oare klucht stopje moasten. Dizze wikseling hat de regisseur hiel wat switdripkes besoarge. It stik spilet him ôf yn in keamer yn ‘t sikehûs, it is der in grutte gaos. Fanwege in ferbouwing wurdt seal 13 foar need yn gebrûk naam. It is in ferâldere hok wêr‘t gjin fasiliteiten binne. De iene nei de oare ferpleechkundige meldt sich siik, en suster Riny moat har sjen te rêden mei de wat froulik oandwaande broeder E.P. en de sullige, âlde en trage suster Bep. Ut need freget se de beide skjinmakkers, Janny en Frank, har te helpen as ferpleechsters. Dan rint de seal fol mei pasjinten en bart der fan alles.

Belje foar kaartsjes nei 0516-462 532 of 0513-464 422 .