Van Houten wint earste Diet Huber-priis
HEMRIK Skriuwster en yllustrator Mirjam van Houten fan De Himrik hat mei har printeboek ‘By beppe útfanhûs’ de Diet Huber-priis wûn. Kommende tongersdei wurdt de priis, twatûzen euro en in oarkonde, offisjeel útrikt yn Museum Belvédère op It Hearrenfean.

De skriuwster is tige optein mei de priis. “Geweldich, superleuk. Ik hie dit net ferwachte; wist net iens dat de priis bestie.” Tweintich boeken waarden ynstjoerd wêrút de sjuery ienridich ‘By beppe útfanhûs’ keas. Ut it sjueryrapport: ‘De yllustraasjes binne net allinne moai fan foarm en kleur mar litte mear sjen as de tekst jout. Se fertelle in eigen ferhaal. It boek is krekt sa’t Diet Huber it sels ek ha woe: ûnferfangber en autentyk.’ “As bern makke ik al ferhaaltsjes en tekeningen, dat ha ik altyd moai fûn.” Yn 2016 debutearre Mirjam mei it boek ‘Tije’. “Dat is mear ien ferhaal, foar wat âldere bern.
‘By beppe útfanhûs’ is foar jongere bern. Maaike giet by beppe útfanhûs, deis giet dat noch wol mar as it tsjuster wurdt, wurdt se ûnwennich. Der sit ek in twadde laach yn it ferhaal, al sil bern dat der net altyd úthelje. Beppe mist ek ien, pake is der net mear.” Krektlyn is fan Van Houten it tredde berneboek útkaam: ‘Jelle en juf’, koarte ferhalen oer wat Jelle belibbet yn de klasse. “Mei dit boek woe ik besykje de fantasijkant wat op te gean. It begjint gewoan mei Jelle yn de klasse mar dan rinne de echte wrâld en de fantasij troch mekoar hinne.”
De Diet Huber-priis is neamd nei (berne-)boekenskriuwer en yllustrator Diet Huber (1924-2008), bekend fan ‘Tutte mei de linten‘. De priis wurdt iens yn de trije jier útrikt troch de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasje- sintrum (FLMD).






