Cultuur en uitgaan

Rolbrêge Brûs Band spilet snein

Door: Redactie

DE TYNJE De Rolbrêge Brûs Band en Gerard Rinsma spylje op snein 15 jannewaris (16.00 oere) yn kafee Rolbrêge. 

Afbeelding

De band is skatplichtich oan Healers dy’t mei harren Fryske Roots Blûs tusken 2009 en 2015 yn desimber yn kafee Rolbrêge spilen. Rolbrêge Brûs Band is as ‘gelegenheidsband’ oprjochte mei as doel om de jierlikse optredens fan Healers yn eare te herstellen. 

Neist in pear blûsnûmers fan Healers bestiet it grutste part fan it repertoire út nûmers út de sixties. Al dan net oerset yn it Frysk. Yn 2019 spile de band tegearre mei Foeke van Bruggen foar it earst harren Blauwe Moandei-konsert yn kafee Rolbrêge. 

In grut sukses wêrnei in jier letter spile waard op Skimerjûn yn Nij Beets. Yn 2020 wier der werom nei de Rolbrêge, dit kear mei Adri de Boer. Yn 2021 spile Rolbrêge Brûs Band op in simmersk jierdeifeest en op in hjerstich Open Podium yn De Sweach wêr’t nij nûmers foar it earst live spile waarden. 

Yntiid is de band mear wurden as in gelegenheidsband. 

Tagong: in gift yn de molkbus.