Gurbe Douwstra wurdt 70 en fiert dat yn De Skâns
DE GORDYK Hy lûkt al in skoftke mei it programma 70!! troch Fryslân, mar op sneon 17 febrewaris is de dei dat hy echt santich wurdt. Gurbe Douwstra fiert dat net thús mei frou, bern en pakesizzers, mar hy noeget elkenien út om nei De Skâns op De Gordyk te kommen.

De sjonger en lietskriuwer fan Drachten jout in jierdeisfeest fol mei muzyk. Mei bekinde lietsjes en nije lietsjes. Fansel omklaait Gurbe dat mei smaaklike anekdoates. Want Gurbe mei graach sjonge, hy is ek in smûk prater. Douwstra sjocht yn it programma werom en hy eaget foarút. Geandewei wurde de ferhalen sterker of krekt persoanliker? De toan wurdt, sa’t dat op feestjes giet, hieltyd wat mankeliker. Mar de libbenslust fan dizze krekt sântiger is fêst ek noait fier fuort. Mei begelieding fan bassist Bonne van der Wal en multi-ynstrumentalist Jan de Vries.
It feest begjint om 20.15 oere. Entree: 20 euro (ynkl. konsumpsje).
Koartlyn wie Gurbe ek te gast yn NoSa!. Yn petear mei Marc Stallinga gie hy ek yn op syn kroanjier.







