Cultuur en uitgaan

‘Wa bepaalt wa’t ús helden binne?’

Door: Redactie

De Tynje De skiednis fan in lân komt werom yn monuminten. Mar wa bepaalt wa’t of wat in monumint krijt? Dat is yn it koart wêr’t it om draait yn ‘Monuminteman’, de earste roman fan toanielskriuwer Bouke Oldenhof fan De Tynje. “It is gjin pine-yn-’e-holleliteratuer, mar it giet wol ergens oer.”

Bouke Oldenhof fertelt op 30 juny yn Kafé Rolbrêge oer syn boek 'Monuminteman'.
Bouke Oldenhof fertelt op 30 juny yn Kafé Rolbrêge oer syn boek 'Monuminteman'. Foto: Arend Waninge

Oldenhof hat al hûnderten toanielteksten op syn namme stean. Stikken fan him wurde troch it hiele lân spile. En no is der ynienen in roman fan syn hân. In nij aventoer. “Myn arkkiste foar toaniel sit aardich fol. Mar no moast ik nije dingen útsykje. By toaniel ha ik it mier oan it werskriuwen fan teksten, mar de tekst fan dit boek is trije kear oer de kop gien. En dêr hie ik wol in soad wille oan.”

Masedoanië

In jier as wat lyn wie Bouke op besite by ien fan syn dochters dy’t tydlik yn Noard-Masedoanië oan in projekt wurke. In nuver lân, sa seach Bouke. “It is eins wat oersketten by it útienfallen fan Joegoslavië. Mar in selsstannich lân moat fansels wol in skiednis ha en ferneamde ynwenners.” Yn Masedoanië waard dat it projekt Skopje 2014. Troch de hiele haadstêd waarden monuminten en standbylden oprjochte. “De stêd stie fol, in hiel nuver byld. Dat brocht my wol op in idee. Stel no ris dat Fryslân selsstannich wurdt. Hoe soe dat hjir dan gean?” 

De útwurking fan dat idee is de roman ‘Monuminteman’ wurden. Want wa binne dan eins ús helden, wa moat hjir mei in monumint betocht wurde? Dêr moatte de Friezen fansels mei-inoar oer te set. Der moat wol in seleksje komme mei draachflak. Elk moat meiprate kinne. De Monuminteman krijt de taak dat stal te jaan. Bouke: “En dat giet fansels mis, dat kinst wol begripe. Demokrasy is moai, mar ek lestich. Oan it ein fan it ferhaal komt der mar ien monumint, in privémonumint, oprjochte troch syn frou en himsels.”

Identiteit

Oldenhof omskriuwt it boek as in simmerske fantasy, mar wol mei in serieuze ûndertoan. “It giet ek oer de identiteit fan in lân. Wat sizze de monuminten oer dy identiteit. En wat dogge wy eins mei dy monuminten. Ast der goed nei sjochst binne der yn Fryslân hiel wat monuminten. Mar se falle eins net iens sa bot op. Se wurde betocht en delset en dan ha se amper in funksje mear. Wy dogge der eins neat mei.”

Keninginne Máxima soarge foar nochal wat opskuor troch ea te sizzen dat de Nederlânske identiteit eins net bestiet. Bouke: “De Fryske identiteit bestiet ek net. En dochs is der wol wat dat ús bynt. Mar ast dat fêstlizze wolst, dan falt it noch net ta.” Oldenhof siket de identiteit dêrom ek net sa sear yn minsken út it ferline. It giet neffens him mear oer wêr’t wy ús drok om meitsje. “De konflikten sizze mear. Wy ha it yn Nederlân no bot oer migraasje. Wy binne it der net oer iens hoe’t it moat, mar wy binne it der wol oer iens dat it in wichtich tema is. En dat seit neffens my wat ús oer identiteit.”

En sa is der dochs in ferhaal ûntstien wêr’t minsken oer neitinke kinne. Want, sa sketst Bouke, stel je no ris foar dat der yn it sintrum fan De Gordyk in moai nij plein komt. Om dêr wat grandeur oan te jaan is it plan om midden op it plein in stânbyld del te setten. Bouke: “Tink dêr mar ris oer nei, oer wa’t dat dan gean moat. It is eins in moai idee foar in searje yn de krante.”

Iepen poadium

Op snein 30 juny (15.00 oere) fertelt Bouke oer syn boek yn syn eigen kafé Rolbrêge tusken De Tynje en Nij Beets. Dan is der ek in iepen poadium foar wa’t in gedicht of in ferhaal foarlêze wol. ‘De Monumintenman’ is útjûn troch Bornmeer en is foar 17,90 euro yn de boekhannel en online te keap.