
Tegearre mei Elske Klooster út Sigerswâld hat hy de teatergroep SIEL oprjochte. It twatal is fan miening dat der wer wat reuring op it teaterflak plakfine moat. En dat kin no al as je in stik spylje mei in net al te grutte besetting. Yn it stik wurde Luuk en Janneke folge, se binne al in moai skoft troud. Se fermeitsje mekoar oerdei foar it grutste part troch mekoar de hûd op synyske wize fol te skellen. Janneke besiket de flam yn harren seksuele relaasje wer wat op te lôgjen. Mar dit hat ta gefolch dat der brike situaasjes ûntsteane, dy ‘t beiden net ferwachtsje. Kaartferkeap fia Jelle Terwal: 06-3049 3981.







