Cultuur

Nij Libben Fryskepeallen spilet ‘Susters Bloem’

Afbeelding
susters-blom-op-fakânsje
Toanielferiening Nij Libben spilet op freed 22 en sneon 23 febrewaris (20.00 oere) it blijspul ‘De Susters Bloem op fakânsje’ yn doarpshûs De Dobber. Op sneon is der nei ôfrin dûnsjen met Blowing Away.
De net-ienaaiïge twilling Alie en Bertha Bloem, giet op fakânsje nei it Woold, yn ‘e buert fan Winterswyk. Se wolle op in goedkeape manier fan in rêstige fakânsje genietsje. Al gau docht bliken dat yn it hûs dêr’t  se sitte ek in relaasjebemiddelingsburo sit. It is mei harren rêst dan ek gau dien. De iene kwibus nei de oare komt oansetten om in partner te sykjen. As der troch in misbegryp ek noch keamers ferhierd wurde, is foar de susters hielendal de hikke fan ‘e daam.
In leuk stik dêr’t de komyske  sitewaasjes elkoar yn heech tempo opfolgje. Tagong: 10 euro; foarferkeap 8 euro (0617459313); stipers fergees.