Wykeintip: toanielferiening De Wylgen spilet Gewoan te gek
BOARNBURGUM Toanielferiening De Wylgen spilet op freed 1 en sneon 2 maart (20.00 oere) it stik ‘Gewoan te gek’. De foarstellingen wurde holden yn ’t Bynt yn Boarnburgum.

It blijspul fan Ton Davids yn Fryske oersetting fan Janny van der Veen is útdaagjend toaniel mei moderne tema’s en in sûn poarsje humor.
De fjouwer eks-psychiatryske pasjinten Lisette, Femmie, Isar en Bram wenje yn Huize van Speykstraat. Sosjoterapeute Toos moat harren helpe harren plakje wer te finen yn ‘e ‘normale’ maatskippij. Toos docht goed har bêst. Lisette wol keunstneres wurde, Femmie bliuwt obsedearre troch selsmoard, Isar is in synikus mei in skerpe tonge en Bram rekket regelmjittich yn in dip fanwege syn biologyske tún.
De bewenners lykje noch net echt op ‘normale’ minsken. De wethâlder dy’t ferantwurdlik is foar de subsydzje fan Huize van Speykstraat komt dus mar in kear it spul troch it gat te sjen. It liket der op dat de jildkraan tichtdraaid wurdt en de bewenners werom nei de ynrjochting moatte. Toos jout dúdlike ynstruksjes hoe’t de bewenners har hâlde en drage moatte as de wethâlder komt, mar dizze bemuoisucht falt by harren ferkeard. Op eigen gekke wize besoargje sy harren gasten in tige bysûndere jûn. Dêr krije sy ûnferwachte help by fan harren nije buorlju. Kaarten bin te keap oan de doar.
Wêr: ‘t Bynt Boarnburgum
Wannear: freed 1 en sneon 2 maart om 20.00 oere
Kaarten: te keap oan de seal












