
De Krobbedobbe is in partikuliere pjutte-opfang. De lokaasje bestiet al sûnt 1992 en hat ûnder ferskate organisaasjes draaid. Nei tal fan oernames hat Ineke Geerstma De Krobbedobbe yn 2015 oernommen. Sy wurket al sûnt it begjin as fêste liedster op it pjutteplak. De Krobbedobbe is in twatalige pjutte-opfang. Dat hâldt yn de praktyk yn dat liedster Ineke en har trije frijwillichsters konsekwint Frysk prate mei elkenien. Foar it Nederlânsk is omtinken by aktiviteiten as sjongen en foarlêzen. Der wurdt ek wurke mei de hânpoppen Tomke en Puk. Tomke praat altyd Frysk en Puk Nederlânsk.
Troch de beide talen dúdlik fan elkoar te skieden leare de bern de talen goed út elkoar te hâlden en kinne sy op lettere leeftyd bygelyks makliker in tredde en fjirde taal leare. By it sertifisearringstrajekt krijt pjutte-opfang De Krobbedobbe begelieding fan it Sintrum Frysktalige Berne-opfang. By it SFBO binne rom 200 bernedeiferbliuwen en pjuttelokaasjes oansletten en dat oantal groeit noch altyd.









