Pjutte-opfang Earste Wjuk yn Boarnburgum behellet it sertifikaat foar twatalich wurkjen
BOARNBURGUM - Pjutte-opfang Earste Wjuk yn Boarnburgum hat it sertifikaat ‘Boartsjendewei in taal derby’ helle. De lokaasje, húsfeste yn doarpshûs ‘t Bynt is sûnt 2024 ûnderdiel fan berne-opfang koepel Kinderwoud. Sy wurkje mei in taalbelied dêr’t it Nederlânsk en it Frysk bewust omtinken yn it deistige program krije. Dizze wurkwize stimulearret de twatalige ûntwikkeling foar de jonge bern sa optimaal mooglik.

Feest!
Om ‘t de pjutte-opfang it sertifikaat behelle hat, wie it dêrom op tongersdei 25 septimber 2025 feest op de Earste Wjuk! Wethâlder en loko boargemaster Pieter van der Zwan kaam in ferhaaltsje foarlêzen fan Tomke. In ferhaal spesjaal foar pjutten, skreaun troch Riemkje Pitstra. Nei it ferhaaltsje hat de wethâlder it sertifikaat ûntbleate, wêrby de pjutten tige goed holpen hawwe troch oant 10 te tellen.
Oanslutend wie der in foarstelling fan poppeteäter Rozemarijn. In foarstelling oer de skatkiste fan de prinses. Jurre moast op de skatkiste fan de prinses passe, mar hy mocht der net yn sjen. Hy is hiel nijsgjirrich, krekt as alle bisten út it bosk. Wat komt der út de skatkiste? En giet de draak der mei de skatkiste fan troch? In pracht foarstelling, en fan it begjin oant de ein boeiend foar bern. Foar alle âlders en bern wie der wat lekkers te krijen.
![]()
By it sertifisearringstrajekt kriget de pjutte-opfang yn Boarnburgum begelieding fan it SFBO, kennissintrum meartaligens jonge bern. By it SFBO binne rom 270 bernedeiferbliuwen en pjutte-opfanglokaasjes oansletten en dat oantal groeit noch altyd.
Twatalich wurkjen
Twatalige lokaasjes wurkje mei dúdlike taalôfspraken. De pedagogysk profesjonals brûke konsekwint ien taal. Dêrby soargje sy dat der in grut oanbod is fan de Fryske taal. Dizze wurkwize soarget foar in optimale twatalige ûntwikkeling foar de jonge bern.
Op pjutte-opfang Earste Wjuk biede de pp’ers harren eigen taal oan. Der wurkje twa pedagogysk professionals op ‘e groep. Heidy praat Nederlânsk, Betty praat Frysk. Fierder binne de ferskes ôfwikseljend yn it Nederlânsk en Frysk, en is der oer de hiele moarn bewust omtinken foar sawol it Frysk as it Nederlânsk
Fisitaasjekommisje
Der hat in fisitaasjekommisje yn Boargburgum west te sjen. Der is sjoen nei it taalbelied, de taalomjouwing, it pedagogysk taalklimaat en it folgjen fan de twatalige ûntwikkeling.
De kommisje skriuwt yn har rapport: “De sfear is hiel noflik en rêstich. De pm’ers prate en boartsje in soad mei de bern. By it ferhaaltsje oer Tomke wurdt in soad mimyk, yntonaasje en lichemstaal brûkt. De bern geane hielendal op yn it ferhaal en fertelle fan alles oer: molke, kij, tsiis ... en dan samar oer de bernebuorkerij. En dan krije se ek noch in écht stikje boeretsiis..”











