Column

Nuver spultsje

Door: Redactie

Van Gaal en syn mannen sitte alwer thús by de kachel. Of guon miskien ek wol yn de sinne. It WK giet fierder sûnder Oranje. It is sa’t it is.

Afbeelding
Nel Wierenga

Ik ha lang net alles sjoen de ôfrûne wiken, dat wie my krekt te folle fuotbaljen. Mar oan ien ding ha ik echt in soad wille belibbe. Dat wienen de supporters op de tribune. En foaral hoe’t dy yn byld kamen. Der mei yn Qatar dan fan alles mis wêze, mar dit toernoai moai yn byld bringe, dat kinne se wol. Dus sjogge wy by alle goals, alle miste kânsen en alle blidens en teloarstelling prachtige shots fan supporters. Dy’t laitsje, út de skroeven of yn triennen binne. 

En dat soarte mominten binne der yn dizze wiken genôch. By alle wedstriden foelen ploegen ôf en mochten oaren noch in ronde fierder. En yn de earste ronde wienen dêr al dy grutte folwoeksen mânlju út Iran dy’t hielendal yn triennen wienen by it spyljen fan harren folksliet. Dêr sit in soad achter. Folle mear as in fuotbalwedstryd.

Wy wolle hjir noch wolris wat nuchter wêze, it is ús ek net gau goed. Der is altyd genôch om op ôf te jaan. Mar yn al dy oare lannen is dy belibbing folle yntinser. By ús giet it faak om in feestje, by dy oaren giet it om folle mear. De eare fan it lân spilet folle faker op. Sjoch wat dy Marokkanen oproppe. De boargemasters yn mannich stêd ha no it swit al te pakken at se tinke wat der barre sil at Marokko de finale ek nochris hellet. 

Argentijnen, dêr moatte wy nei freed net safolle fan ha. Mar yn sportbeleving kinne wy noch wat fan harren opstekke. Der ha tiden west dat der by ús thús in oranje sjaaltsje oer de tillevyzje hong by dit soarte toernoaien. Dat kin no ek net mear, de tastellen fan hjoeddedei binne der te tin foar. Mar doe’t Weghorst freed alle hoop wer werom brocht, spatte ik ek ynienen wer oerein. Dat wie lang lyn. It bliuwt in nuver spultsje.

Arend Waninge