Column

Hannema

Door: Redactie

De saterdeiskrante liet my skrikke. It giet net goed op it Drachtster Lyceum. De ûnderwiisynspeksje hat de havo-ôfdieling al in tik oer de noas jûn. Wêr is de tiid dat it Lyceum in brok kwaliteit wie? Dat Ulbe Durk Hannema der mei natuerlik gesach as rektor foar hear en master opsloech? 

Afbeelding

Learlingen en ek in soad leararen wiene skitende benaud foar de man. Op de earste dei fan it skoaljier stie hy by de yngong, alle learlingen stienen op it plein. Mei syn swiere basstim rôp er se stik foar stik nei foaren. At it net snel genôch gie, dan kaam der in tongeropmerking oerhinne. It is net mear fan dizze tiid, mar at je der útstjoerd waarden dan koenen je op saterdeitemoarn mar wer nei Drachten fytse. 

Ik wit it út eigen ûnderfining. At je om watfoar reden in repetysje misten, koene je faak ek op saterdei dy kant wer op. Hokker bern én hokker âlden soene dat no noch akseptearje? Hannema wie der dan sels ek. Yn in âlde stofjas prutste hy dan om yn it hok fan de technyske tsjinst. De hobby fan de rektor. Hy wie dan o sa aardich en dronk mei kofje. Dat je der útstjoerd wiene, wie dan gjn probleem. At je mar stiene foar je dieden. De skoalle stie heech oanskreaun. Wa’t it skoalle-eksamen helle, hoegde net benaud te wêzen foar in lanlik eksamen. Mar de tiid helle de oanpak fan Hannema yn. Doe’t ik myn vwo-diploma helle, gie hy mei pensjoen. Al hie dat neat mei elkoar te krijen. 

En no is it al jierren reboelje op skoalle, sa lês ik. De direksje fan skoallemienskip Singelland hat yngrepen. Krekt op ‘e tiid of krekt te let. Eric van ‘t Zelfde, bekend fan it televyzjeprogramma Dream School, moat de saak wer op it spoar sette. Hy brûkt der goed trije dagen yn de wike foar. De oardel dei dy’t oerbliuwt kin hy dan wol op de BHS op De Gordyk telâne. Ek fan Singelland en mar mei in tredde part fan it tal learlingen fan it Lyceum. Ek hjir lizze útdagingen genôch: mear learlingen, in nije skoalle en sa’t it liket gearwurkje mei in nije Skâns. Krekt wat foar in wûnderrektor.

Arend Waninge