Tekendoaze
Ik wist eins net krekt hoe’t ik it hie. Ik kaam yn ‘e hûs by in jonge húshâlding. En dêr siet in pjut oan tafel te tekenjen. It wie heit syn auto, sa moast ik begripe. Al seach ik dat der fuortdaliks net yn werom.

Foar him op tafel lei in útklapte doaze fol mei kleurpotleaden, stiften en wasco. Oan it materiaal lei it net. Prachtich. Ik wist eins net wêrom’t ik sa fernuvere wie. Miskien omdat ik in bern seach dat oan it boartsjen wie sûnder skermke? Wie iksels al safier dat ik dat bysûnder fûn? Sa’t ik it oan syn heit begriep, wie it jonkje o sa ferslingere oan tekenjen. En doe sette heit sels ek in grutte tas tekenmateriaal op tafel. Hy mocht sels ek o sa graach tekenje, makke syn eigen kleurplaten en kleure dy dan ek yn. Tiid trochbringe sûnder skerm, it kin dus wol.
Ik wie sels de lêste wike wat minnichjes, krekt as in soad oare minsken. Bot ferkâlden, amper stim en eins gjin enerzjy. Mei de iPad hie ik it op in gegeven momint ek wol hân. Ik pakte saterdeitemoarn in boek út de kast. En ferduld, ik ha my der it hiele wykein mei fermakke. Ik ha wat in ôfwiking yn ûnderwerpen. Dit boek, al jierren yn myn besit, gie oer Willem Drees en syn kontakten mei de Keninginne yn de jierren fyftich. O sa ynteressant opskreaun.
Dat lêzen wille jout, wit ik al folle langer. Der giet alle jierren op fakânsje in fracht boeken mei. Mar yn de rest fan it jier… dan winne it byldskerm en de telefyzje it te faak. In skriuwer dy’t ik online folgje hat as foarnimmen om elke wike in boek te lêzen. Dat is wol wer in hiele útdaging, mar it is in moai foarnimmen. De boekekast is fol genôch.
De lytse jonge hie ynienen syn nocht fan it tekenjen. Hy woe my ek wat oars sjen litte. Ik koe net krekt hearre wat hy syn heit frege, mar doe kaam er mei syn eigen iPad foar it ljocht. Hy wie o sa frij en joech oan by my op skoat sitte te wollen. Hy liet yn in pear tellen sjen hoe handich hy wie op it skerm. It hoecht ek net it ien of it oar, it kin dus ek beide.
Arend Waninge












