Column

5 desimber

Door: Redactie

It sil wol op 5 desimber sels west ha. Alles wie klear foar Sinteklaas. Wêr soene de pakjes diskear stean? Yn ús hûs, de smederij en skuorren wiene der ferstopplakjes genôch. 

Arend Waninge
Arend Waninge Nel Wierenga

It spul wie ek alris delset op in sliepkeamer wylst myn broer dêr syn húswurk siet te meitsjen. Hy hie der neat fan fernaam. Ik koe der mei myn ferstân net by. Wat sille se der thús in wille om hân ha. Ik bin in neikommerke, dat myn broers koene de wierheid al lang. 

Doe gie de tillefoan. In boer hie de molkmasjine stikken, dat dêr moast ús heit fuortendaliks hinne. Hoe lang it duorje soe, dat wist net ien. Hoe soe it no mei ús pakjesjûn komme? At der doe ek al in Sinterklaasjournaal west hie, dan hienen de senarioskriuwers wol by ús terjochte kinnen. 

It duorre fansels lang, yn myn eagen fierstente lang. Ik wie wach op elk lûd. Wa wit soe ik de, doe noch swarte, Pieten hearre. Wat wie ik bliid dat ús heit de bus it hiem wer opdraaide. En wat wie de ferrassing grut doe’t hy fertelde dat hy Sinteklaas ûnderweis tsjinkaam wie. En dat se doe de sekken mei kadootsjes mar oerladen hiene yn de bestelbus. Us heit mocht graach wat effisjint tinke.

Us bern binne no allegear jongkeardels. Mar soks ha wy yn al dy jierren nea meimakke. Sinteklaas hie ús adres út syn tsjokke boek skrast. Net omdat wy sa ûndogens binne. Wy ha him dat al by de berte fan ús earste frege. Wy tochten mei him mei. 

At hy no alles byelkoar yn ien kear by beppe brocht, dan koene wy dêr meielkoar in moaie jûn ha. En sa is it bleaun. Al dy jierren lang. Mar no binne de bern sa grut en útflein dat it net mear slagget om rûn 5 desimber alles byelkoar te krijen. Der sil no lykwols wat nijs barre. Krekt foar de Kryst. Mei tolve persoanen gedichten en surprises sit der net mear yn. Der is no spanning oer de nije opset. Wat sil it wurde? 

En wa wit. At der ea pakesizzers komme, dan kin it samar wêze dat ús adres wer yn it tsjokke boek komt te stean.

Arend Waninge