Column

Kreatyf

Door: Redactie

De gemeente Opsterlân giet gauris de boer op om te warskôgjen foar kriminaliteit op it plattelân. Dy grutte frijsteande skuorren biede in soad romte foar yllegale aktiviteiten, is dan it boadskip. 

Afbeelding
Nel Wierenga

Se ha lêsten sels in buord- sje betocht dat boeren op de stâldoar spikerje kinne om de kriminelen benaud te meitsjen. Dat sil yndruk meitsje. Yn it westen davert der yn de drugsstriid troch in eksploazje sawat alle nachten wol ergens in gevel út, dat is hiele oare kofje.

Of soe it allegearre mar ôflieding wêze? Moandei seach ik in berjocht dat der earne yn Frankryk in boargemaster oppakt is. Se hienen by har thús sa’n santich kilo wiet en coke fûn. Ek it gemeentehûs is trochsocht op syk nei yllegale aktiviteiten. En dat bringt my dan samar ynienen op frjemde ideeën. At dat yn Frankryk kin, wêrom dan yn Opsterlân net? Der wurdt yn gemeentelân omraak warskôge foar 2026. Dat wurdt in rampjier. Dan krije de gemeenten folle minder jild fan it ryk as no. Dan moat der fiks besunige wurde. En dêr ha de measte wethâlders en riedsleden mar in hekel oan.

In bytsje bestjoerder sjocht foarút en is kreatyf yn it finen fan oplossingen. Ik sjoch ús boargemaster en syn wethâlders al sitten. Yn in wat skimerich keamerke. Foar de doar in pear amtners dy’t wat faak yn de sportskoalle komme. En dan mar plannen smeie. Wat soe sa’n kilo coke no opsmite? Dan hoege wy ek gjin pynlike maatregels te nimmen en kinne it ek wat tsjinfallers op grutte projekten as Koarstweagen lije. Trije fan de fjouwer wethâlders wenje yn it bûtengebiet. It sil fuort net opfalle as sy jûns yn it tsjuster wat rûnskarrelje by wat fan dy skuorren. De boargemaster hat op syn reis by de boeren del fêst wol in pear geskikte adressen fûn. 

In moai plot foar in telefyzje-searje. Ik sil John de Mol ris belje. 

Arend Waninge