Column

Arend Waninge: Hollands Glorie

Afbeelding
arend-klein_DSC3279
Wy ha ús wer sjen litten. As der earne yn de wrâld op see wat misgiet, sjocht men foar de rêding altyd wer nei Nederlânske bedriuwen. Op bylden seach ik dat Egyptyske kraantsjes oan de wâlkant fan it Suezkanaal wat sân fuortskepten.
As wiene se dwaande mei in bouput foar in nije lisboksstâl. Dat docht fansels gjin fertuten. Lokkigernôch kamen ‘ús’ grutte slepers al rillegau om de saak los te krijen. Dat kinne wy wol. Mar dêrmei is it ferhaal noch net út. Want in grut part fan de konteners dy’t no mei fertraging wer fierder kinne, ha Rotterdam as eindoel.
It wurdt daalk drok by Hoek fan Hollân. De planners sitte no al mei de hannen yn it hier. Hoe sille sy al dy fracht yn sa koart mooglike tiid fuortwurkje? De hurdrinskuon mar efkes oan, soe ús heit silger sizze. Mar gjin noed, de fakbûnen springe by. Sy sjogge yn dizze sitewaasje krekt in moaie oanlieding foar in staking. 
As is der it ôfrûne jier al net foldwaande ekonomyske skea oprûnDer sil echt wol wat oan de hân wêze mei it lean en oare saken, mar miskien moatte minsken yn dizze krisistiid ek krekt efkes blider wêze dat se noch wurk ha. De coronakrisis wie noch mar jong doe’t dyselde fakbûnen it al hiene oer in thúswurkfergoeding. Want de kachel baarnde mear, se moasten sels kofje sette en ek it húske hie thús mear te lijen.
It skynt trouwens dat it Suezûngemak liedt ta in groeiend tekoart oan konteners. Dat bringt it transport fan houtpulp en dus de produksje fan húskepapier yn gefaar. Wylst in diel fan de konteners yn it Suezkanaal fol mei dildo’s sit. It is mar krekt wêr’t je it measte ferlet fan ha.