Ik wit dat wy hjir wat tichter by It Hearrenfean sitte, mar de lokwinsken geane dizze wike nei Ljouwert. It hie ferline jier al wêze moatten, mar Cambuur promovearret.
En wat ha se freed knap de regeltsjes yn acht naam. It feestje rûn in bytsje út, mar dat meitsje wy allegearre wolris mei. At it gesellich is, is it ek samar let. Wêrom is de wedstriid dan ek net wat earder op de jûn spile? Dan wie der wat mear tiid west. Dat sil de KNVB wol mei opsetsin dien ha. Der wiene ek in pear minsken mear as it doel wie, mar dat kin ek in kear barre. Sa faak promovearret Cambuur no ek wer net. De boargemaster hie wol sein dat se freed allegearre thúsbliuwe moasten, mar sa hurd rôp hy dit kear no ek wer net. En doe’t Henk de Jong sei dat se nei hûs moasten, diene se dat fuortdaalks braaf.
It soe samar wêze kinne dat Buma ferline wike efkes mei de direkteur fan it sikehûs in bakje kofje dronken hat. Der leine twa opsjes op tafel. Se koene freedtejûn efkes de oare kant op sjen. Mei kâns dat it dan oer in dei as wat krekt wat drokker wurdt yn it MCL. Of de boargemaster koe de ME oproppe mei knuppels en wetterkanonnen en dan hie de sikehûsdirekteur freed fuort it hok fol. Dan mar de earste opsje. En komt der al in lokaal piekje yn it oantal besmettingen dan is it bron- en kontaktûndersyk net sa dreech. Grutte kâns dat de ‘slachtoffers’ in farske tattoo sette litten ha om de promoasje te fieren. Je kinne se der samar út. Soene Halsema en Ten Hag al efkes mei Ljouwert belle ha?