Column

Sinne

Afbeelding
arend-klein_DSC3276
Harrekrammele, wat is it noch kâld. Dy inkele dagen mei knappe temperatueren meie gjin namme ha. Mar de natoer pakte it wol fuort op. De tún knalt der ynienen út en ek de beammen sieten yn in pear dagen yn it blêd. Dat jonge grien is eins it moaiste grien dat der is.
Op dy earste moaie dei ha ik fuort de hingmatte fan souder helle. Ik ha myn earste oerkes der al yn lein. Under de apelbeam dy’t prachtich moai yn de wite bloesem siet. Dat sil wol wer in goed apeljier wurde. It wie yn de beam in libben fan komsa. Der kamen hiel wat ynsekten op de blomkes ôf. Ek foar de fûgeltsjes wie it willewurk. Se hapten noch al wat yn it rûn.
Mar it hâldt fierder noch net oer. We krije neffens de waarmannen de kâldste pinksterdagen yn jierren. Miskien wiene wy de ôfrûne jierren ek wol te folle ferwend. Mar ja, dit hie ik mei de leveransier fan de sinnepanielen ôfpraat fansels. Wy wolle thús o sa duorsum wêze, mar it moat fansels al in bytsje útkinne. Ynstee fan sinne ha wy foaral wetter. De boeren ha tusken de buien troch de earste snee al binnenhelle, mar yn hiel wat stikken lân sitte de spoaren der goed yn. De technyk stiet foar neat, kinne se net wat betinke om ek út reinwetter enerzjy te heljen? Dat der op de reinwetterpipe in ien of oar apparaatsje sit dat de kracht fan it streamende wetter omset yn elektrisiteit. At wy dan ek noch in lyts wynmûntsje op de garaazje sette, is it klear. Want yn dit lân reint it, waait it of skynt de sinne.