It kin wol
Eins is de stunt fan de Geitefok dit kear mislearre. De mannen waarden yn Hilversum trappearre. De plysje hie harren rillegau yn it fizier, sa wie oeral yn it lân yn it nijs te lêzen en te hearren.

It spul moast al op âldjiersdei werombrocht wurde. En doe sei de plysjeman dêr yn it Gooi dat it mar ris dien wêze moast mei dit soarte grappen. Se hienen wol wat betters te dwaan.
Net goed oer neitocht, mar it wie krekt wat se yn Berkeap nedich hienen om ôf te weven mei dat folk yn de Rânestêd. Dêr wêr’t se neat begripe fan it libben op it plattelân. Omdat se fierstentefolle mei harsels ompankoekje. Dat brochten se yn Berkeap efkes sterk ûnder wurden. Want dêr ha de geitemannen wol in punt.
Op it plattelân wurdt der oan it ein fan it jier fan alles organisearre om it by de jierwiksel foar elts wat noflik te meitsjen. It is de oarsprong fan de âldjiersploegen mei harren stunts. En der is yn al dy jierren net in soad misgien. Dat wat fuorthelle waard, kaam meast ek ûnskansearre werom. Dat hie dy hege plysjeman ek witte kinnen. Mar nee, fuortdaliks fol op it oargel, want it like ja nearne nei wat dy mannen dien hienen.
Ik siet âldjiersdei mei de mikrofoan yn de hân oan de finish fan de Olliebollenloop. Ek sa’n moai organisearre evenemint op dy bysûndere dei. En letter wie ik yn eigen doarp yn de feesttinte. Yn in pear jier tiid hat de jongerein fan Terwispel de âldjiersploech op eigen wize nij bloed jûn. Twa dagen lang feest mei sintraal fjoerwurk en livemuzyk. En dat allegearre organisearre troch de jeugd sels. Net allinnich op âldjiersdei, mar ek op nijjiersdei steane se der wer. Ek al wie de nacht noch sa koart. Gjin wanklank te hearren. Gjin plysje te bekennen.
It kin dus wol. At wy it sa wat mei elkoar dogge, dan komme wy ek dit jier wer in hiel ein.
Ik winksje elkenien in goed 2023 ta.
Arend Waninge












