Column

Histoarje

Door: Redactie

Begjin jannewaris krige ik in bysûnder mailtsje. In lêzer wie syn hûs oan it opromjen. En der wie in grutte samling boeken fan mem oer de histoarje fan de omkriten, sa waard skreaun. De lêzer tocht dat ik der miskien wol belang by hie. Wy skreaunen gauris oer de skiednis en hy wie ek op ien fan de lêzingen fan de Sa!-Moanne fan it Erfskip west. 

Afbeelding
Nel Wierenga

Dat moast altyd wêze. It duorre in wike as wat, mar doe’t ik ferline wike belle krige ik it boad- skip om in grutte doaze mei te nimmen. Hy hie neat te folle sein. Mem hie by har libben hiel wat sammele. Moaie boeken oer tal fan doarpen. Faak mei ynstoppe kranteknipsels fan artikelen dy’t dermei te meitsjen hienen. 

Ik kaam ek noch wurk fan mysels tsjin. De grutste skat yn de folle ferhúsdoaze dy’t ik meinaam, wiene twa albums mei âlde aansichtkaarten fan tal fan doarpen. Prachtich. Guon koe ik, in tal oaren net. De boeken fertelle, sa’t ik yn ‘e gauwichheid sjoen ha, moaie ferhalen oer de skiednis fan it gebiet wêr’t wy libje. Inkele boeken hie ik al, mar dêr fyn ik wol in oare leafhawwer foar. De man wie bliid dat alles goed te plak kaam. 

Yn deselde wike seach ik de begrutting fan it museum op De Gordyk. Dat hat it swier. Undersyk moat útwize hoe’t it fierder moat. Ik skrok bot fan de post entreejild. Der wurdt dit jier rekkene mei sa’n 2.500 besikers. Dat is net folle. Dat moat oars kinne. Sûnder skiednis gjin takomst. 

De Gordyk telt 7.500 ynwenners. At wy de jongsten en de âldsten efkes net meitelle bliuwe der sa’n 6.500 oer. At dizze minsken no ien kear yn de twa jier ris efkes delkomme, dan is dat foar it museum al in boppeslach. En fansels is it museum net allinnich foar De Gordyk. In straf is in besite ek net. It museum is moai ynrjochte, je komme der hiel wat te witten. Ik mocht ek alris op de souder sjen, dêr leit hiel wat moais. Dat mei net ferlern gean. Ik soe der ris sjen. De kofje stiet klear.

En at ien noch fan in samling ôf wol, maile kin altyd.
Arend Waninge