Column

Gelok of net

Door: Redactie

Sil ik it der no wol of sil ik it der no net oer ha? Dochs mar wol. Der wie yn it lân en yn de provinsje de ôfrûne wike rom omtinken foar de prestaasje fan Maarten van der Weijden. Je koene der eins net omhinne, al ha ik dat wol probearje. Want ik bin der eins wol in bytsje klear mei. 

Arend Waninge
Arend Waninge Foto: Nel Wierenga

It is bysûnder wat de man dien hat. Dêr sil ik net oan komme. Ien Alvestêdetocht is al hiel wat, hy die der trije. Ik ha in jier as wat lyn de tocht kuierjend dien, mar dan wol yn twa en in heale wike. Dat, in djippe bûging foar him.

Mar der binne in pear dingen dy’t by my wat jokte opsmite. It begjint by de werhelling fan setten. De man hat no al pear kear sjen litten ta nuvere dingen yn steat te wêzen. Noch in kear: djippe bûging. Respekt dat minsken harren ta it úterste fergje om in prestaasje te leverjen en dat keppelje oan in goed doel. Dit soarte goede doelen fertsjinnet fansels ús stipe ek sûnder dit soarte aksjes.

Ik fyn it boppedat lestich om al dy ferhalen rûn de tocht oan te hearren. Elk wa’t mei kanker te krijen hat, wit hoe’t dat yngrypt. En elk kriget der betiid of let mei te meitsjen. Hiel tichtby of in bytsje fierder fuort. Mar dy ferhalen wurde my wat te faak lutsen yn in kwestje fan winne en ferlieze. Minsken dy’t de sykte te boppe komme, wurde as helden sjoen. En dat meie se om my wêze. Mar it hâldt ek yn dat de minsken dy’t it net oprêde, al gau ferliezers binne. En dat stekt.

Trochsette om te probearjen tsjinslagen de kop te bieden, dat is fansels altyd goed. Mar wa’t herstelt fan de sykte hat foaral gelok. Dat de sykte op tiid ûntdekt is. Dat der hiele goede dokters binne. Dat de behanneling oanslein is. En dat it kwartsje de goede kant op fallen is. En net elk hat dat gelok.

Arend Waninge