Funksje oars
Ik ha de ôfrûne jierren wolris faker op dit plak wat skreaun oer Mark Rutte. De man dy’t yn syn frije tiid wolris op besite giet by goekunde yn Terwispel. Dat ik ea wat smeulsk melding makke fan in tillefoantsje fan him mei de haadredakteur fan dizze lokale krante, waard troch guon sels as wier oannaam.

De rol van Mark is spile, sa die moandei bliken. No kin ik wol sizze dat hy snein belle hat om myn miening, mar litte we mar net mear ûnstjoer bringe yn dizze dochs al rûzige tiden.
At je alle rekonstruksjes fan ferline wike wat lêze, dan krije je it gefoel dat Rutte syn hân wat oerspile hat. Dat hy himsels de ôfrûne moannen hielendal net sa bot mei de flechtelingen dwaande holden hat en ynienen ferline wike mei de fûst op tafel sloech. Ta ferbjustering fan alles en elkenien.
Boppedat, sa wurdt sein, wie de needsaak foar in beslút net sa grut. It tal ynkommende flechtelingen wie leger as ferwachte en der wie ek genôch opfangplak. In beslút hie ek wol oer de simmer tild wurde kind. Hat hy mei al syn ûnderfining dan no in miskalkulaasje makke? Of hie hy der gewoan genôch fan? Want yn dit lân, spegele yn de Twadde Keamer, dogge je net sa gau wat goed. It kin foar partijen ek noch wolris dreech wêze om karlûkers te finen foar de kommende tiid.
En wat moat Rutte dan dalik dwaan? De NAVO wurdt it net, sa hat hy fuortdaliks sein. Foar de klasse stean liket him miskien wol wat ta. Of soe it wethâlderskip fan Opsterlân wat foar him wêze? De ried op De Sweach is in stik freonliker as de Twadde Keamer yn De Haach.
En mei al syn ûnderfining kin hy hjir fêst wol it ien en oar foar elkoar krije. It giet hjir allegearre wat nofliker. En sa kin hy wat faker yn Terwispel op besite.
At ik Opsterlânsk Belang wie soe ik der meikoarten in tillefoantsje oan weagje.
Arend Waninge












