Omseage
It soe snein waarm wurde, dat wy giene moarns net al te let op paad foar in oere as fjouwer kuierjen. Sa tochten der mear, wat wie der om acht oere hinne al in folk ûnderweis!

Wy setten útein yn de bosk by Boschoord, krekt oare kant Boyl. Dêr wie men de ôfrûne wiken aardich te set west mei de kettingseage. Der leinen hiel wat beammen yn stikjes opstapele. Oaren leine al plat, mar wiene noch yn folle lingte. En wer oaren stiene te wachtsjen op harren lot, al mei in kleurde stip op it liif. Der is yn de bosken net oeral like folle fleur. De klimaatferoaringen litte harren jilde.
De drûchte slacht ta. De hiele moarn ha we net in sleat sjoen wêr’t noch wetter yn siet. Hiel wat nuddelbeammen binne oanfretten troch in krobbe, de lettersetter. Bistjes dy’t aardich harren bêst dogge om hiele bosken om sjippe te helpen. De kondysje fan de beammen is sa oantaast troch de drûchte dat se amper wjerstân biede kinne.
Ek rûn De Sweach spilet dit probleem. Der wurdt de kommende jierren hurd wurke om de bosken wer fitaal te krijen, se klimaatbestindich te meitsjen. It is goed dat de boskeigners dat ferhaal goed oan it publyk fertelle, sa’t se foar de simmer ek yn dizze krante dienen. It liket foar de bûtenwrâld dat der mâl mei de seage yn de beammen omslein wurdt. Mar der sit dus in ferhaal achter. Hoe mear achtergrûn der jûn wurdt, hoe mear begryp der wêze sil.
En dat it noch in stik mâler kin, seagen wy fan ’t simmer yn de Dútske Harz. Hiele bosken stean der dêr foar dea by of binne al hielendal omslein. Dêr lit de lettersetter echt sjen wat hy kin. In mâl gesicht. Mar no’t de beammen fuort binne, kriget oare natoer de romte. Sa is ’t ek wer.
Ek al is de oanlieding noch sa tryst, dy farsk kapte beammen ha ek in foardiel. Op sa’n moaie dizige sneintemoarn betiid rûkt it yn de bosk ferrekte lekker.
Arend Waninge












