Platzerwasel
Dêr sieten we saterdei. Krekt ûnder de top fan de Col du Platzerwasel. Tsien kilometer foar it ein fan de etappe. Us hûske lei op 16 kilometer fan de finish. Moai útsocht, mar wa hie no tocht dat de Frânsen de dyk nei de top op freed al ôfslute soene? Dêr koenen wy dus net mear komme.

De freed wie ús ferkenningsdei, we fûnen in oar plak tusken al dy hûnderten campers dy’t dêr al dagen taholden. Hjir koenen wy op saterdei wol komme. Tochten we. De routeplanner op de tillefoan joech tal fan mooglikheden. Dit moast goed komme. In papieren kaart fan it gebiet, dy hoegden wy net. Alderwetsk gedoch.
Op saterdei om goed sân oere wiene wy al op paad. Mar de routeplanner fersloech deryn. Ferskil tusken ferhurde wegen en ûnferhurde paden koe hy net. En it systeem wist ek net wêr’t in stek op de dyk stie. By eintsjebeslút parkearden wy de auto, rinnendewei fûnen wy ús paad omheech.
Oardel oere letter stiene wy wêr’t wy stean woenen. Rom op tiid. It soe noch mear as fiif oeren duorje foar’t de mannen der wêze soenen. Der wie genôch te sjen. Wy hienen der nocht oan. Hjir soe de Tour beslikke wurde, tochten wy in pear wike lyn. Mar Vingegaard hie it oars yn de holle. Hy weefde ferline wike al mei Pogacar ôf. Gjin sekonden ferskil, mar al minuten.
No binne de Vogezen in moai stikje Frankryk. Mar it mobile 4G-netwurk liket der op fleanen. We wisten dus net wat der yn de koers barde. Want, wa nimt hjoeddedei noch in wereldontvanger mei? De Belgen nêst ús krigen sms’kes fan thús. De Frânske regionale held Pinot lei op kop. Dat soe wat wurde, de Frânsen songen al de hiele dei om him. Mar wa kaam der as earste troch de bocht? De giele trui fan Vingegaard. Hie hy ús dochs noch te pakken, hy ried ús sawat oer de skuon.
It wie in geweldige dei foar heit en soan. It paad werom fûnen wy wol sûnder routeplanner. Under yn it dal begûn dat ding omraak lûd te meitsjen. In oere file. Dat wist hy dan wol wer.
Arend Waninge












