Dekoarum
Ik rin de lêste wiken de boargemaster fan Opsterlân gauris tsjin it liif. Hy iepent of betinkt wat, ik skriuw in stikje. Hy dûkt oeral op, wol ‘syn’ nije gemeente goed kennen leare. Fansels, altyd kreas yn it pak en it ketling om ‘e nekke.

Hy kin der moai by komme, makket hiel maklik kontakt. At der al iis is, dan is it samar brutsen. Minsken fine it altyd bysûnder dat de boargemaster komt, as fertsjintwurdiger fan de gemeente en dus fan alle Opsterlanners. Hy strielt it ek oan alle kanten út.
Hoe oars wie it ferline wike yn de riedseal. It wie simmersk waar, mar wie it no nedich dat mear as in kwart fan de riedsleden yn in T-shirt- sje of net strutsen polootsje de fergadering bywennen? Al wie it de buertferieniging. Ik koe it online net sjen, mar soene se ek noch yn koarte broek sitten ha?
Fansels, de strik hoecht net foar. Foar in jaske wie it miskien wol te waarm, mar in kreas strutsen boesgroentsje is wol it minste. Ik ha bot respekt foar harren wurk. Mar je binne wol it heechste gesach yn de gemeente, it mei ek wol wat lykje. In bytsje dekoarum soarget der ek foar dat oaren wat oars nei je sjogge.
Dat it noch folle minder kin, die letter yn de wike bliken yn Den Haag, by haadstik safolle yn de formaasje. At je it no oer dekoarum ha.... Elk moat bliid wêze dat der no einlings stappen set wurde. Se wolle oars en dogge oars. Mar se ferjitte wol efkes dat de popkes en de lieder fan it spul der ek ta dogge.
Partijlieders roppe dat it in skande is dat de media mear oer de popkes as oer de ynhâld praat. Mar se litte sels in hiel soad besluten júst oan dy popkes oer, want it mocht oant no ta allinnich mar oer de haadlinen gean. It sil my benije hoefolle dekoarum der dizze wike yn it keamerdebat is.
Soene se de sport wolris folgje? Hast alle seizoenen wurdt der op it lêste momint wol ergens in trainer/coach op in ploech set. En dan moat hy of sy der mar mei rêde. Mar der moat fansels wol prestearre wurde. Súkses fersekere....
Arend Waninge












