Oarloch
De Ljouwerter moat moarns mar efkes wachtsje. De gong nei de brievebus foar de krante is net mear it earste wat der bart nei it oansetten fan it kofjeapparaat. Want it is oarloch. Ik ha in skoft tocht dat it wol oan myn doar foarby gean soe. Ek al wie der rûnom yn de media oer te lêzen of te sjen. Ik tocht tûk te wêzen troch in pear ferdigenjende ak-sjes. Mar ferline wike wie it al safier: de slakken binne ek ús tún binnenfallen.

Dat no flean ik moarns fuort- daliks nei bûten om de skea op te nimmen. Mar de oanfallers litte har net bot sjen. Oerdei liket der neat oan de hân. Se doarre blykber allinnich yn it tsjuster ta te slaan.
Krekt as alle jierren mei ik ek graach wat plantsjes opkweke. In aardichheid om te sjen hoe snel at dat gean kin. Bygelyks de siedsjes fan sierkalebassen groeie as koal. Ik hie it hiele sekje brûkt. Dat waard thús net alhiel begrepen. Ferline jier hie de tún op it lêst ûnder de hieltyd trochwaaksende planten sitten.
Oardel wike lyn wiene de plantsjes der neffens my wol oan ta om útset te wurden. Der wie plak foar en it stie de earste dagen o sa aardich. No is der net ien plantsje mear oer. Lokkigernôch hie ik der noch in pear oer. Dy stienen yn gruttere bakken op in hege rûne tafel, mei mar ien poat. Dat soe foar slakken mei nocht wol in hiel ein krûpen wurde, tocht ik. Mar it is harren slagge. Moarns betiid seach ik heal oanfretten planten op tafel. Twa dieders hiene sa’t it liket it búkje sa fol- fretten dat se net mear oan de tocht werom ta kamen. Dat ha se witten. Fia it snelrjocht waarden de twa slakken, foar’t se it yn de gaten hienen, feroardiele ta in dûk yn de Nije Feart by ús foar hûs.
Doe’t ik de deis dernei moarns betiid op de fyts nei de sport- skoalle gie, koe ik op it fytspaad amper om de slakken hinne. Se hienen harren kredyt ek ferspile. Ik ha it stjoer rjocht holden en net mear achterom sjoen. Sy bin begûn.
Arend Waninge












