Column

Stikelhage

Door: Redactie

Ynienen krige ik ferline wike it byld wer foar eagen. Yn de tanimmende EK-koarts seach ik mysels samar wer wrakseljend oan de kant fan de dyk lizzen.

Arend Waninge
Arend Waninge Foto: Nel Wierenga

It WK fan 1974 ken ik allinnich fan de ferhalen, ik wie doe te jong om it bewust mei te mei- tsjen. Ferline wike seach ik op telefyzje yn in moaie searje ek de bylden. Wy wienen goed, mar ek spikerhurd, sa waard my dúdlik. Argentinië, fjouwer lier letter, ha ik better foar eagen. Ek al wie ik doe ek noch mar in jonkje. Dêrnei bedarren we yn meagere fuotbaljierren. De finale fan It EK fan ‘80 heucht my noch wol. Dy seach ik, op fakânsje, yn in hotel yn it Switserske Adelboden. Midden tusken de winnende Dútsers.  

Doe kaam ’88. Ik wie studint yn Wageningen en naam alles deromhinne ek aardich mei. Dat it EK belibben wy yntensyf, fan begjin oant it ein. Mei in oranje sjaaltsje oer de telefyzje yn de keuken dy’t wy mei achttjin man dielden. De folle en lege kratten bier heech opstapele op de gong. Supermerken besoargen doe noch net, mar in tûke drankehannel hie mear as ien buske ûnderweis om de foarried yn de studinteflats op peil te hâlden. In útkomst, hoechden wy ek net mei kratten te sjouwen. En der wie altyd bier foarhannen. 

Ek doe kaam dy wedstriid yn Hamburg tsjin de Dútsers. Wat hienen wy in hekel oan dat folk. Dat hie neat mei de oarloch te krijen, wol mei dy ferfelende spilers, mei Lothar Matthäus foarop. Wat in oanstellers. It waard lykwols in jûn om nea te ferjitten. Ik wit net mear wêr’t ik de wedstriid sjoen ha. Wat ik noch wol wit, is dat it feest lang duorre. 

En dat ik doe ier yn de moarn healwei myn flat en it sintrum op de Rooseveltwei yn de stikelhage bedarre. It stjoer woe net wat ik woe. Dêr lei ik, like ferslein as de Dútsers. De arbeiders fytsten mei it bôletromke op de bagaazjedrager by my del. Dat kaam wol faker foar. Dit kear laken sy it hurdst.

Arend Waninge