Cultuur en uitgaan

Stjoer fiif froulju it bosk yn en sjoch wat der bart……

JONKERSLAN - Yn it wykein fan 5 april 6 april wurdt yn Us Doarpshûs fan Jonkerslân it toanielstik ‘Hoppa 1,2,3; stjoer fiif froulju it bosk yn en sjoch wat der bart……’ útfiert troch toanielselskip It Freonental. út Jonkerslân. Om jim alfest yn de stimming te bringen folget hjir in koarte beskriuwing fan it stik.

'Hoppa 1,2,3'; fiif froulju wurde it bosk ynstjoerd
'Hoppa 1,2,3'; fiif froulju wurde it bosk ynstjoerd Foto: It Freonental, Jonkerslân

Fjouwer tige ferskate froulju wurde op survival stjoerd mei as doel in hecht wurkteam te foarmjen. Under de tige strenge lieding fan ‘fraulein Ursula’ wurde de kollega’s drilt en ôfbeult om te oerlibjen yn de wyldernis. Fansels hat net eltsenien hjir nocht yn en reagearret op har eigen wize op de ferskillende situaasjes. Benammen as it kampearjen ynienen in folslein oare draai krijt en de ‘dames’ opinoar oanwiisd binne.

Meitsje jo klear foar in spannende tocht troch it bosk, mei wylde bisten, grizelige spûken, hilaryske mominten en sjong mei wylts it kampfjoer hearlik brânt.

De utfierings binne op:

  • Sneon 5 april, 20.00 oere en snein 6 april om 15.00 oere
  • Kaarten a € 7.50 p.p kinne jo bestelle op: freonental@gmail.com
  • Bern oant mei 12 jier âld fergees (wol efkes opjaan)