Cultuur

Hilaryske famyljefoarstelling: Lang en Lokkich

Ek in fee kin der wolris wat nuver yn omslaan. Seker at se wat âlder is, lykas de fee yn ‘Lang en Lokkich’. Se lit de sprookjes dy’t sy fertelt mâl ynelkoar oer rinne. Soe se wat demint wêze? Hoe dan ek, it smyt wol in alderaardichst ferhaal op.

Afbeelding
Neat is wat it liket en alles rint krekt oars ôf as minsken wend binne yn ‘Lang en Lokkich’, it iepenloftspul dat dizze maitiid spile wurdt yn de bosken fan Sparjebird. Klassyke sprookjes dy’t op wûnderlike wize troch elkoar mjukst binne. It smyt in hilaryske famyljefoarstelling op.

Wy komme yn de kunde mei in ferearme baron, dy’t him graach wat better foardocht as dat er is. De frou fan de baron is jierren lyn al weirekke. Hy is mâl mei syn dochter Jiskepûster, mar mist in frou yn syn libben. Dêr is wol wat op te finen fansels, want in modern sprookje beskikt ek oer ynternet. De baron fynt op de digitale Rykswei in nije frou. Watte, hy rekket hielendal fereale. En dan kin it hurd gean. Sy komt oer om sa gau as mooglik mei him trouwe te kinnen. Mar wat der fan de trep fan it fleantúch komt, is net samar wat. Knoop, de assistint fan de baron, sjocht it swerk al driuwen. Dizze frou is op jild út en oars net. Boppedat nimt sy twa oer it hynder tilde dochters mei: Paris en Hilton. En jo fernimme it al oankommen, dizze dochters kinne it fansels net allikegoed fine mei Jiskepûster. It rint hielendal út de hân at de baron in ûngemak kriget op it kongres foar de ferearme adel, troch him hieltyd ferbastere ta ferwaarmde ierde. 

Der is yn ‘Lang en Lokkich’ ek noch in oare famylje. In keninginne mei in frijgeselle prinsesoan. It is wat in nuveraardige jongkeardel. Der sit net folle by. Hy hat in grou liif en ferfeelt him meastentiids dea. De keninginne wol him oan it wiif ha, mar de prins stiet der net om te springen. “Wat ha ik ferkeard dien dat ik trouwe moat?” Froulju dogge him net sa’n soad. Miskyn sit der wol mear manljusfleis oan de prins, sûnder dat hy dit sels yn de gaten hat. Neat mis mei fansels, mar dit past net alhiel yn de kream fan syn mem. Sy wol dat der in nije keninginne komt. En wat dogge jo dan yn in sprookje? Krekt, jo organisearje in grut bal en noegje alle froulju út. En dan fielt elts wol oankommen wa’t dêr op ôfkomme. It smyt hilaryske sênes op.

Seker at de deminte fee Lytstomke en Readkapke ek noch yn it ferhaal opdûke lit. Fansels kin dan de grutte wolf ek net ûntbrekke. Readkapke is fansels deabenaud foar de wolf, mar komt der dan achter dat sy der ek noch fereale op wurde kin. En at elk dan noch lang en lokkich libbet?

De foarstellingen fan ‘Lang en Lokkich’ binne op 25, 27 en 28 maaie en 1, 3, 4, 8 en 10 juny. www.iepenloft-opsterlan.nl

Succes Ro Theater

‘Lang en Gelukkig’ is oorspronkelijk een productie uit 2007 van het Rotterdamse Ro Theater. Het door Don Duyns geschreven stuk was direct in het hele land een succes. Het werd door de originele cast opnieuw gespeeld in de periode van december 2013  tot april 2014. Bekende acteurs die meespeelden: Arjan Ederveen, Jack Wouterse, Alex Klaasen, Rik Hoogendoorn, Dick van den Toorn en Remko Vrijdag. Het stuk is in 2010 ook met succes verfilmd. Voor het Ro Theater was ‘Lang en Gelukkig’ de eerste in een lange serie familievoorstellingen: ‘Snorro, de gemaskerde held’, ‘Moord in de Kerststal’ en ‘Woef Side Story’. In Hemrik wordt ‘Lang en Gelukkig’ gespeeld in een Friese vertaling van Anne Marie Gaikema.