Cultuur en uitgaan

Iepenloftfoarstelling De Fulkaan yn Bakkefean

Door: Ynte Dragt

BAKKEFEAN - Yn it kader fan it 95 jierrich jubileum bringt toanielferiening Nij Bigjin út Bakkefean in bysûndere foarstelling oer it fuotljocht. Mei in alsidige spilersploech wurdt de Fryske bewurking fan de roman De Fulkaan fan Ilja Gort ta libben brocht. Mei as dekôr de tún fan dagbesteding De Scheperij en live muzyk, wurdst yn Frânske sfearen brocht. It is in iepenloftfoarstelling mei in bysûnder ferhaal, persoanlike werkenning, humor en mominten, dy ‘t yndruk meitsje.

Afbeelding
aangeleverd

It skript is dus basearre op de roman De Fulkaan fan Ilja Gort (juny 2020). Hjir hat Anja Steegstra in Fryske bewurking fan makke. It romanferhaal is sadanich bewurke, dat it as lokaasjefoarstelling opfierd wurde kin. It ferhaal, dat yndruk makket, stikelt en romte frij lit foar humor en lichtheid.

Rezjy en muzikale stipe

De rezjy is yn hannen fan Tineke Nicolai. Sy hat yn it ferline al op ferskate lokaasjes iepenloftfoarstellingen regisearre. De muzyk is arranzjearre troch Hinke Jelsma en wurdt live spile troch harsels en troch muzikant Anne-Johannes Wagenaar. De unike lokaasje en de spesifike foarmjouwing foarmje it toanielbyld, wêryn de akteurs út de omkriten fan Bakkefean harren bêste skonk foarop sette.

De ferhaalline

De Fulkaan fertelt it ferhaal fan Emile Pernot, in oan leger wâl rekke wynhanneler, dy ‘t ûnferwachts in wyndomein yn it lytse Frânske doarpke Sardets ervet. Hy wurdt sá fereale op it moaie doarpke, dat er beslút om boargemaster te wurden. Dat slagget him, mar tagelyk kriget er dêrmei de swiere taak op syn skouders om it gehucht fan in driigjende ûndergong te rêden. Dan ûntdekt Emile in sliepende fulkaan en besiket dy mei help fan de ynwenners fan Sardets om te toverjen ta in toeristyske attraksje. De situaasje rint kompleet út de hân. Sa as Plouc, de swijsume help fan Emile seit: "Op in dei bist de moanne kwyt, wylst de stjerren oan it tellen bist…"

De foarstelling is geskikt foar in breed publyk.


Spyldata:

Wo. 17 juni Try-out 20:30 tot 22:30

Fr. 19 juni Premjêre 20:30 tot 22:30 (reservedatum: zo. 21 juny)

Sa. 20 juni 20:30 tot 22.30 (reservedatum: zo. 21 juny)

Wo. 24 juni *Matinée 14.00 tot 16.00 (reservedatum: za. 27 juny)

Fr. 26 juni 20:30 tot 22:30 (reservedatum: zo. 28 juny)

Sa. 27 juni 20.30 tot 22.30 (reservedatum: zo. 28 juny)


Lokaasje: Dagbesteding De Scheperij, Mjûmster Wei 37, 9243 SK Bakkefean

Kaarten reservearje: www.bakkeveen.nl/toneel

Ynformaasje: 06-30493981