Cultuur en uitgaan

Iepenloftfoarstelling ‘De Fulkaan’ yn Bakkefean

BAKKEFEAN - Toanielferiening Nij Bigjin út Bakkefean bringt kommende simmer de iepenloftfoarstelling ‘De Fulkaan’ op de planken. De produksje wurdt makke yn it ramt fan it 95-jierrich jubileum fan de feriening.

Afbeelding
Nij Bigjin Bakkeveen

It stik is basearre op de roman De Fulkaan fan Ilja Gort, dy’t yn 2020 ferskynde. Anja Steegstra makke in Fryske bewurking fan it ferhaal, sadat it as lokaasjefoarstelling spile wurde kin. De foarstelling belooft in miks fan persoanlike werkenning, humor en yndrukwekkende mominten.

De tún fan dagbesteding De Scheperij foarmet it dekôr. Mei live muzyk wurde de besikers meinommen yn Frânske sfearen. De rezjy is yn hannen fan Tineke Nicolai, dy’t earder ferskate iepenloftfoarstellingen op lokaasje regissearre. De muzyk is arranzjearre troch Hinke Jelsma en wurdt live spile troch Jelsma en Anne-Johannes Wagenaar.

De foarstelling is geskikt foar in breed publyk. De try-out is op woansdei 17 juny, de premjêre op freed 19 juny. De foarstellingen fine plak by De Scheperij, Mjûmster Wei 37 yn Bakkefean. Kaarten binne te reservearjen fia www.bakkeveen.nl/toneel.

Spyldata:

  • Woansdei 17 juny, 20.30-22.30 oere: Try-out
  • Freed 19 juny, 20.30 tot 22.30 oere: Premjêre
  • Saterdei 20 juny, 20.30- 22.30 oere
  • Woansdei 24 juny, 14.00- 16.00 oere: Matinee
  • Freed  26 juny, 20.00 tot 22.30 oere
  • Saterdei 27 juny, 20.30 tot 22.30 oere