Cultuur en uitgaan

Oprop: ‘Moarke’

No giet it om dy lêste opmerking, der soe in oersetting yn it Hollânsk wêze fan ‘Moarke’. Oant no ta hat it museum dy net fine kind. Rinse van den Berg: “Tresoar hat him net, mar ek de Koninklijke Bibliotheek yn De Haach net en dat is nuver, dêr wurdt eins alles dat yn Fryslân en Nederlân útjûn is opslein. Dat wy binne op syk nei minsken dy’t ús mear fertelle kinne. Of is de melding yn boppeneamd boek fout?” Minsken dy’t mear witte kinne mei Van den Berg belje op 0513-464 630.

Afbeelding
Yn it ramt fan de berneboekewike sil Jant van der Weg op 5 oktober in lêzing yn Museum Opsterlân hâlde oer de Langsweagster skriuwster frou A. Meester-de Vries. Har ferneamdste boek is ‘Moarke’. Yn it boek ‘Trije yn ien, Jonkerslân, Langsweagen en Lúkswâld’ út 1997 stiet op side 97: “Nei it jongesboek ‘Teltsjes fen de Komkommerploech’ kaem ‘Moarke’, foar bern en âlderein (oerset yn ‘t Nederlânsk).”