Rjucht en Sljucht spilet ‘Amateurs’
Yn ‘Amateurs’ draait alles om de toanielploech Sân. Se meie yn in gruttere seal spylje dan dat se wend binne. En omdat se goed foar it ljocht komme wolle, ha se in profesjonele regisseur frege: Albert Bos. Foar it earst repetearje se op it poadium. Mar de senuwen slane ta. De bin noch mar in pear repetysjes en de tekst sit der by guon noch lang net yn. De kostúms binne net klear en it dekôr moat men noch mei begjinne. Toanielmaster Joop is te let, en hoe wurket it hjir eins allegear? Ek de eardere regisseur hat sa syn problemen. En is it wol sa’n moai stik? Allegear fragen dêr’t noch in antwurd op komme moat.

De spilers ebinne Renko Hof, Andries Idzerda, Trudy Wiersma, Reina Gerlofsma, Joeke Meijer, Marit Reinsma en Laura Oosterloo. De rezjy is fan Wiesje Jansma-de Vries út Snits. Ynstekster is Siepie Dam.
Beide nûngen begint de foarstelling om 20.00 oere. Kaarten kin besteld wurde fia (0513-571630 of info@rjuchtensljucht.nl.









