Rjucht en Sljucht spilet ‘Leave Minsken’
‘Leave Minsken’ is skreaun troch Maria Goos. It stik hat in televyzjesearje west en is oerset en oanpast foar toaniel troch Tryntsje van der Zee. ‘Leave Minsken’ giet oer twa dakleazen. Dree, al in heal jier fan de drank ôf, en Ietsje, in ex-heroïneferslaafde. Fia in resosjalisaasjeprojekt ha se in flat tawiisd krigen. Se wolle harren bêst dwaan om sa’n normaal mooglik libben te krijen. Mar as dat slagget? It binne minsken dêr’t wy ús leaver net mei identifisearje mar wêr’t wy wol nijsgjirrich nei binne en hoopje dat dy wrâld net uzes wurdt.

De spilers dy’t it stik op ’e planken sette, binne Tymo Reinsma, Rinze Hof, Jeen Wouda, Chantal Sinnema en Jannie Huver-Idzerda. Eppie Oosterbaan is ynstekker en it stik wurdt regissearre troch Anneke van den Akker út Oerterp.
Yntree: 10 euro. Kaarten kinne besteld wurde by Klaske Lageveen: 0513-571630 of info@rjuchtensljucht.nl. Kaarten binne fierders op freed en sneon te krijen oan de kassa.










