Cultuur en uitgaan

Wykeintip: blauwe moandei mei Rolbrêge Brûs Band

DE TYNJE De Rolbrêge Brûs Band spilet op snein 14 jannewaris (16.00-18.30 oere) harren fjirde Blauwe Moandei-konsert tegearre mei yn kafee Rolbrêge. Rolbrêge Brûs Band spylet twa sets mei allinnich Fryske nûmers: sixties-rock, rockabilly en blûs. 

Rolbrêge Brûs Band. Henk Bloemsma sang & gitaar, Bauke de Grouw gitaar & toetsen, Feiko Wouda mûlharp, sang & rammelguod, Marten Scholten slachreau, Piet Smit gitaar en Piet Zwerver bas.
Rolbrêge Brûs Band. Henk Bloemsma sang & gitaar, Bauke de Grouw gitaar & toetsen, Feiko Wouda mûlharp, sang & rammelguod, Marten Scholten slachreau, Piet Smit gitaar en Piet Zwerver bas. Foto Jessica Tuinstra

Foargeande kearen dienen Foeke van Bruggen, Adri de Boer en Challenger mei. Dizze kear docht de coverband Good Stuff mei. 

Good Stuff út de Sweach en omkriten spilet al fiif jier mei in boel faasje. Harren repertoire bestiet út pop, rock en blues mei nûmers fan û.o. Beth Hart, Tracy Chapman, Stevie Wonder, Anouk en David Bowie. 

Tagong is in gift yn de molkbus of yn de pet dy’t rûn gean sil.


Good Stuff. Jannie Boomsma toetsen, Rien van der Zeijden gitaar, Marten Scholten slachreau en Sandra van Baars sang.