Wykeintip: de B&B fan Rjucht en Slucht
DE TYNJE Toanielferiening Rjucht en Sljucht spilet op freed 15 en sneon 16 maart (20.00 oere) yn kafee Overwijk de komeedzje ‘B&B mei trammelant’. It stik is skreaun troch Aris Bremer. De Fryske oersetting is fan Betty Schilstra. It stik wurdt opfierd mei spesjale tastimming fan IBVA Holland út Alkmaar.

It stik spilet him ôf yn de wenning fan Herman en Fyn de Graaf dy’t in Bêd & Brochje ha. Sy krije besite fan Barry en Claudia dy’t mei harren partner Fred in djoer skilderij stellen ha. It skilderij is poater en Barry en Claudia tinke dit te finen yn de wenning fan Herman en Fyn. It kriminele stel wol koste wat kostet witte wêr’t it skilderij is. Dat liedt ta in nacht fol yntriges, misferstannen, flirtspultsjes, gewelddiedichheden, alkohol én ferrassende en hilaryske situaasjes. Dêrby spilet de nijsgjirrige bourfrou Tryn de Wit in wichtige rol.
Wannear: freed 15 en sneon 16 maart
Wêr: kafee Overwijk, Heawei 9 op ’e Tynje
Hoe let: beide jûnen 20.00 oere
Tagong: 10 euro; stipers fergees












