Cultuur

Reina skriuwt no ek ferhaaltsjes fan Tomke

Skriuwwedstriid

Voorlezen Tomke.
Voorlezen Tomke. NIJ BEETS 29-9-2021 Voorlezen Tomke Reina leest voor bij tante Jansz kinderopvang.
De pjutten by Tante Jansz kinderopvang sitte moai te plak: allegear yn in rûntsje. Hjoed wurde se foarlêzen út it Tomke-jubileumboek ‘Tiid foar Tomke’. En dat is spesjaal, want Tomke is 25 jier wurden. Noch spesjaler: hjoed sil nije Tomke-skriuwster Reina Smeink-Kroodsma twa ferhaaltsjes foarlêze.
Beets “Dit is Tomke”, fertelt Janny Dijkstra fan de berneopfang de pjutten. Se lit de Tomke-pop sjen. “In fette dikke hoera foar Tomke.” Mar hé, wa sitte dêr tusken de pjutten? Dat bin de âlders fan Reina. Dat is omdat Reina fan no ôf ek ferhaaltsjes oer Tomke skriuwen giet, leit se de bern út. Tsjin Reina: “By it offisjele Tomke-feest koenen dyn âlders der net by wêze. Dêrom ha we se no as ferrassing útnoege, lykas dyn twa famkes.” En omdat it Tomke syn jierdei is, lêst Reina as kadootsje de bern foar. Dit jier bestiet it foarlês- en taalstimulearringsprogramma Tomke 25 jier. It projekt ynformearret âlders en profesjonele opfieders oer it brûken fan it Frysk mei jonge bern. Om it team fan skriuwers fan Tomke-ferhaaltsjes te fersterkjen waard begjin dit jier in skriuwwedstriid útskreaun. Ut de sechtich ynstjoerde ferhaaltsjes kaam it ferhaal fan Reina Smeink fan Nij Beets as ien fan de twa winners út de bus. “Best bysûnder”, seit Reina noch in bytsje ferbjustere. “Ik ha my eins nea ferdjippe yn Tomke, de ferhaaltsjes kamen út doe’t ik puber wie. Tomke is sa leuk, alles kin yn de ferhaaltsjes besprutsen wurde, dêr fiel ik my hiel goed by.”
It is pas goed trije jier dat Reina berneferhalen skriuwt. “Ik bin begûn mei ‘Minze Mûs en de fleanende ûnderbroeken’ foar diel twa fan It Grutte Foarlêsboek fan de Afûk. Dêrnei waard ik frege mei te skriuwen oan it Keimpe-projekt, ferhalen foar lessearje de Lêsline fan Spoar 8 en oare ûtjeften foar bern fan 4 oant 8 jier. Foar Cedin skreau ik trije ferhalen foar yn it Tsjil-magazine  foar groep 6,7 en 8.” Se ûntduts har skriuwerstalint doe’t se troch sykte stopje moast as fysioterapeut. “Doe tocht ik: wat kin ik noch wol? Skriuwe dus. Ik skriuw foar bern mar dêrmei stikem ek foar grutte minsken, want dy kinne sa’n soad leare fan bern. Merkst dat sy somtiden ek ûntroerd reitsje troch de ferhaaltsjes.”

Gewoane dingen

Ien fan de twa ferhalen dy’t Reina ynlevere foar de skriuwwedstriid is ‘Plústerskatten’. “Elkenien hat wol plústers ûnder de bank lizzen. Dy wie ik sels in kear oan it stofsûgjen en dan tinkst ‘ieuw’. Mar myn bern fûnen dy plústers moai, se seagen der fan alles yn. Sa is it ferhaal ûntstien.” It twadde ferhaal is ‘Tomke fynt wat út’. “Dat giet oer Tomke dy’t groeie woe en dêrfoar kowedong helle by syn buorfamke. It is ynspirearre op in ferhaal fan myn pake. Dy fertelde froeger oer minsken út de grutte stêd dy’t mei in djoere auto nei Fryslân kamen om in ammerke stront te heljen.”
Har ynspiraasje hellet se út gewoane dingen om har hinne. “Dan sjoch of hear ik wat en poef, dêr komt in ferhaal oan. Ik doch der dan in lyts toefke magie by, dêr hâld ik fan.”