Wat is de tún noch moai fol kleur en fleur. Hiel oars as de ôfrûne jierren. Doe wie it yn augustus faak giel. Dea troch droechte. Dat it in superjier foar de slakken is, dêr wiene wy thús al achter kaam. De pear kante meter grientetûn dy’t dit jier as proef oanlein wie, is in mislearring wurden. Gjin griente út eigen tûn op tafel. Net skerp genôch op west. De slakken wiene earder. En dat wol wat sizze.
Se binne oeral. In eintsje fytse of kuierje draait út op in grutte slachtparty. De slakken ûntwike sûnder in gefaar op de dyk te wêzen is amper mooglik. Sa komme der hiel wat slakken oan harren ein. Al sil in fytsbân of in skoech miskyn noch minder wreed wêze as in skepke sâlt. Der sille ek grif minsken wêze dy’t de slakken sa yn in ammerke nei in oare slakkewrâld helpe. Fûnen wy earder as bern al in bysûnder gesicht.
En dan begjint it te mealen en kom ik op frjemde gedachten. Slakken steane dochs bekind om harren stadige bewegingen? Hoe kinne der dan safolle wêze? Hoe is it sekslibben fan in slak eins? Ik kry der gjin byld by. Sil wol glibberich wêze. Mar effektyf is it yn elts gefal. Ynienen seach ik hannel. Soe it net wat wêze om bulten slakken los te litten yn de fuotbalstadions? Dat minsken it wol litte om fan harren plak op te stean omdat der oars fuort sa’n slak harren plak ynnimt. En net ien sit te wachtsjen op de smots fan in plette slak yn de broek. Slakken ynsette op plakken wêr’t je gjin minsken ha wolle. De slak as biologyske coronamaatregel. Dat noch net ien dat betocht hat.