Cultuur

Hjit ûnder de fuotten

Afbeelding
Toanielferiening De Harmonie spilet sneon 11 maart (20.00 oere) it stik ‘Hjit ûnder de fuotten’ yn De Bining yn Hemrik.

‘Hjit ûnder de fuotten’ is skreaun troch Tjalke Stoelwinder. It stik spilet hin of op yn kruseskip wêr’t alderhande frjemde gasten omstappe. Gasthear John is in fleurich type mei in wol hiele froulike kant. Syn help Dick is sljocht op froulju. De rapen bin gear as boer Bokke mei syn simpele soan Gaatse yn ‘e kunde komme mei it aparte frommes Tryn op har motor, sy seit harren wêr’t it op stiet. En wat soe der barre as der in jong steltsje tinkt dat se mei syn beiden oan board komme? Profesjoneel seurpot Gerjan en syn freondinne Ankie krije ûnferwachts besite fan in famyljelid dy’t se leaver net seagen. Om it spul hielendal klear te meitsjen, dûkt der ek noch in nuvere fûgel op dy’t se de hiele reis fleanen sjocht.  

Yn it skoft is der in ferlotting en nei ôfrin wurdt de grutte donateurspriis lutsen. Kaarten: 7,50 euro; o/m 13 jier en donateurs gratis.