Column

Arend: Delbêdzje

Afbeelding
arend-klein_DSC3276
Ik ha de wille en de rêst fan it boatsjefarren ûntdekt. Wenje al jierren oan de feart, mar bin noait in wetterman west. Oant ferline wike, doe’t wy mei de Sa! Turftoer útein setten, oan board fan de Tjerk Hiddes.
Dat is in histoarysk beurtskip, sa’t skipper Jan van der Werf mei fyntsjes ûnder de noas wreau doe’t hy my praten hearde oer in âld frachtskip. It wie in ervaring. De wrâld sjocht der op it wetter hiel oars út as wannear’t je itselde stik fytse. Wy troffen ûnderweis âld-Cambuurspiler Jan Bruin, yn in lyts behindich boatsje, in aaidopke lyk. Jan is gewoan bleaun, foar fuotballers in hiele prestaasje. Dat sjogge wy ek wer op it EK.
In soad minsken belibben snein in kâlde dûs doe’t Oranje der samar út lei. Derksen en syn maten hiene de kettingseagen al klearlizzen. Yn noch gjin tsien minuten wiene alle spilers en de bûnscoach by de ankels ôfseage. It wiene ynienen allegearre folfretten profs dy’t harren mûle fol ha oer fan alles, mar it op it fjild net sjen litte. Dy’t mei tsien man net it gers opfrette op syk nei dy ûnferwachte goal, mar sûnder doel de wedstryd útspylje. De Kroaten en Switsers lieten tiisdei sjen hoe’t it ek koe.
En dan Van der Poel. Poere sport, der gewoan ynbatse, krekt as Ide Schelling in dei earder. De kloaten út de broek fytse, in dei yn de bolletrui ride en dêr hiel, hiel bliid mei wêze. Doarre en mar sjen at je wol of net tsjin de muorre op fytse. Dan hâld ik de eagen net droech.
Hoe soe it no mei Frank de Boer wêze? Ik tink dat hy mar efkes delbêdzje moat om syn knopen te tellen. Ik wit wol in plakje: op it wetter. Soe hy Jan Bruin syn nûmer ha?