Cultuur

Kaartferkeap Tynster iepenloftspul

Afbeelding
Fan it wite doek yn 1980 nei de iepenloft yn 2016. Stifting Iepenloft De Tynje spilet dit jier ‘Spetters’, in ferhaal basearre op de ynfloedrike spylfilm fan regisseur Paul Verhoeven.

De premjêre is op freed 27 maaie, de kaartferkeap is ynmiddels úteinset. ‘Spetters’ is in rau portret fan trije motorcrossende freonen út de provinsje, dy’t har besykje los te meitsjen út har neargeastige miljeu, en in fanke dat har libben yn in patatkream ûntflechtsje wol. Tsjin it dekôr fan in wiere crossbaan sil him in boeiend ferhaal ûntjaan oer jongeren dy’t har dreamen neijeie foar har âlders oer, dy’t har realisearje “Wat haw ik no eins fan myn dreamen wier meitsje kinnen?” Lykas yn de film spylje tema’s as it seksuele aard en it leauwen in belangrike rol yn dizze syktocht nei in eigen identiteit. In syktocht fol striid, kreativiteit, relativearring en ûnbedimbere enerzjy. Nei in try-out op 25 maaie sil it iepenloftspul op 27 maaie yn premjêre gean, wêrnei’t der nóch trije jûnen folgje sille (28 maaie, 1 en 3 juny). Kaarten fia iepenloft.frl.