Cultuur

Iepenloftspul Tijnje: Oud en jong kijken naar elkaar

Doarpsman Marc spilet ek mei

Afbeelding
Iepenloft Tijnje.
De iepenloftvoorstelling Wit jim mem it wol! kent maar liefst zes rollen met twee spelers: een oude en een jonge versie. Dat is voor de spelers in kwestie een extra uitdaging. Want het karakter, de bewegingen en de uitspraken moeten wel een beetje op elkaar lijken.
Donna Gjaltema is de mem, naar wie de titel van het iepenloftspul Wit jim mem it wol! verwijst. Haar amoureuze belevenissen in de jaren zeventig hebben haar een dochter opgeleverd, waarvan de vader niet bekend is. In ieder geval niet bij de dochter. De voorstelling telt twee Donna’s, de versie uit de jaren zeventig en een versie uit de jaren negentig. Datzelfde geldt voor haar vriendinnen Tanja en Sjoukje en voor de drie potentiële vaders Harry, Sam en Willem.
Julia Rijpma speelt de oudere versie van Donna, terwijl Laura Oosterloo de jongere Donna voor haar rekening neemt. Laura: “It is yn it begjin best wol efkes lestich fansels. Do moatst foaral goed nei elkoar sjen.” Volgens Julia werden tijdens de repetities de personages vrij snel duidelijk. “Der sit achttjin jier tusken de beide rollen. It moat geloofwaardich wêze , mar je moatte der ek net te krampachtich yn dwaan. In mins kin yn dy tiid ek bot feroarje.”
De herkomst van de spelers is in de uitspraak wel een dingetje. In de omgeving fan Tijnje is het ‘hy, my en sy’, maar spelers van wie de oorsprong boven Drachten ligt, spreken over ‘hie, mie en sie’. Dat moet in een en dezelfde persoon wel gelijk zijn. De dames gniffelen wanneer ze over Gjalt de Jong beginnen, die een van de potentiële vaders speelt. Hij heeft moeite met klemtonen in namen. “Mar syn jongere ferzje, Wytse Algra, naam dat fan dei ien ôf oer.”
Iris Overwijk vertolkt de jonge Tanja, vriendin van Donna. “Ik koe Wietske net, de âldere Tanja. It is hiel leuk om te sjen hoe’t wy yn it proses nei elkoar talûke en hieltyd mear op deselde wize reagearje. Laura onderschrijft dat gevoel. “Der sit achttjin jier tusken beide rollen, mar ik kin no sjen dat wy beide itselde meimakke ha. Dat is in bysûndere ervaring.” Toch zijn er ook duidelijke verschillen, ervaart Wietske de Boer, de oudere Tanja. “De jongere spilers ha in hiele oare enerzjy. Sy binne frij, bliid en optein. Dat is ek logysk. Sy binne jong, wy ha de helte fan it libben al hân.”
De jaren zeventig en negentig lopen in het stuk aardig door elkaar heen. Dat was voor de spelers soms best even puzzelen, ook omdat de ouderen en de jongeren eerst apart van elkaar repeteerden. Iris: “No’t alles byelkoar komt en de oergongen tusken de sènes dúdlik wurde, falt alles wol op syn plak.”
De spelers hebben de lijn van de voorstelling inmiddels te pakken. Maar het publiek hoeft zich volgens Julia ook geen zorgen te maken. “Der binne yn de foarstelling twa fertellers. Dat skeelt. Wêr’t ûndúdlikheden wêze kinne, prate sy it publyk wol by.” Hy neamt himsels ‘noch in iepenloftspulmaagd’. Marc Mulder hie yn de eardere iepenloftspullen op De Tynje in rol op de eftergrûn, mar dit jier lit hy himsels oan it publyk sjen en foaral heare. Marc spilet gitaar yn de band by Wit jim mem it wol! “De oare kearen rôp ik altyd dat ik gjin tiid hie. Dat ha ik dit kear ek sein, mar no bin ik der wol by. It kostet mear tiid dan ik tocht, mar it is wol hiel leuk.” Twa jier lyn spile hy yn de Abrahamsnacht, in feestje foar de Kening dy’t fyftich waard, foar it earst mei de beide oare gitaristen Jelle Visser en Roel de Vos. “Dat smakke wol, dat de mannen fregen at ik no ek meidwaan woe.” Yn it ferline spile Marc yn ferskate bandsjes en trije jier lyn helle hy de gitaar nei tsien jier wer ris fan de souder. “Ik bin no lid fan Plus Us, wy spylje foaral akoestisch en trede sawat tweintich kear per jier op.” Marc Mulder is in echte doarpsman. Hy is foarsitter fan Pleatselik Belang en ek ien fan de driuwende krachten achter de nije mfa yn it doarp. “Sa’n iepenloftspul bringt wat teweech. In stikje bining en it is goed foar de leefberheid.”
It is dit jier wol oars as de oare kearen. De eardere iepenloftspullen spilen midden yn it doarp. “Dan heart elk dat der wat bart. No sitte wy op de Ulesprong, op in prachtige lokaasje, mar wol fierder fan it doarp. Ik fyn it knap dat it bestjoer ek no wer safolle frijwilligers út it doarp by elkoar kriget.” Want der is mear oars. Yn it ferline wiene it eins allegearre Tynsters op it poadium. Dit jier wiene der audysjes en komme der ek in soad meiwurkers fan bûten it doarp. “Dat is in keuze. De belutsenheid fan it doarp is dêrtroch miskien wat oars. Mar sa kinne wy wol in topproduksje delsette dêr’t it doarp grutsk op wêze kin.”

Kaartverkoop

Het gaat heel goed met de kaartverkoop van Wit jim mem it wol!. De voorstellingen van 22, 24, 25, 28, 29 mei en 1 juni zijn al uitverkocht. Er is een extra voorstelling gepland op vrijdag 31 mei (20.30 uur). Kaarten zijn te bestellen via iepenloft.frl. Entreeprijs: 18,50 euro; t/m 16 jaar 16,50 euro.